Fluch oan:

Jo krije in brief fan de gemeente

Yn dy brief stean de mooglikheden foar help en ûndersteuning by fragen oer jild. Dy help is fergees. Yn guon situaasjes nimt in sosjaal wurker fan Amaryllis fuortdaliks persoanlik kontakt mei jo op.

Wolle jo net dat de gemeente ynformaasje oer betellingsefterstannen ûntfangt?

Lit dit dan oan jo enerzjyleveransier, wetterleveransier, ferhierder of soarchfersekerder witte. Wy brûke de ynformaasje oer in betellingsefterstân allinnich om help oan te bieden.

Jo binne partikulier ferhierder

Wolle jo dielnimme oan bytiidse sinjalearring? Dat kin. Earst moatte jo en de gemeente Ljouwert in gearwurkingsoerienkomst slute.

Jo fine dizze oerienkomst op de webside fan de NVVK. As jo en de gemeente in oerienkomst ûndertekenje, krije jo ynformaasje fan xxllnc Sociaal, in ICT-bedriuw mei de namme Inforing.

Jo hearre dan hoe’t jo dêrnei de sinjalen fan de hierefterstân befeilige oan de gemeente trochjaan kinne. Mear ynformaasje oer bytiids sinjalearring en it sluten fan in oerienkomst fine jo op de webside fan de NVVK.

De gemeente Ljouwert krijt alle moannen ynformaasje fan mear as 100 organisaasjes oer bewenners dy’t muoite hawwe mei beteljen. De gemeente kiest dan wa’t help krijt fia in húsbesite, telefoantsje, e-mail, sms-berjocht of brief. Fia it RIS-systeem lit de gemeente witte oft de persoan de help akseptearre hat.

Hawwe jo fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.