Fluch oan:

Helpteam Taslaggenaffêre 058

It Helpteam Taslaggenaffêre 058 is der foar âlden út de gemeente Ljouwert en harren bern dy’t troch in weromfoardering fan de berne-opfangtaslach yn de problemen kommen binne.

Yn in petear mei it Helpteam Taslaggenaffêre 058 harkje wy no jo persoanlike situaasje. Hoe binne jo troch de taslaggenaffêre berne-opfang yn de problemen rekke? Wy lizze jo graach ús helpoanbod foar; wy tinke mei jo mei. Ek as jo earder help socht hawwe en jo noch hieltyd problemen hawwe, sjogge wy graach mei jo nei wat der no mooglik is.

Wolle jo kontakt mei it Helpteam Taslaggenaffêre 058?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Melding by de Belestingtsjinst

Jo kinne ek sûnder help fan it Helpteam Taslaggenaffêre 058 kontakt opnimme mei de Belestingtsjinst.

Tinke jo dat jo berne-opfangtaslach yn it ferline ûnterjochte stopset is? Ha jo te krijen mei (nei alle gedachten) ûnterejochte weromfoarderingen? Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Belestingtsjinst op de pagina Serviceteam Gedupeerden Kinderopvangtoeslag.

Melde by

Meld it folgjende by it Serviceteam Gedupeerden Kinderopvangtoeslag

  • Dat jo ûngefear itselde as de âlden út de CAF 11-saak oerkommen is.
  • Dat jo opnommen wurde wolle op de list fan selsmelders. Se freegje nei jo BSN-nûmer (dat stiet op jo identiteitsbewiis, paspoart of rydbewiis).

Jo ûntfange nei jo melding in befêstiging oer de post fan de Belestingtsjinst. It kin wol even duorje foar’t jo berjocht krije oer it ferfolch. Dat komt om’t dizze prosessen in soad tiid kostje. Jo wurde op ’e hichte holden troch de Belestingtsjinst.

Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Belastingdienst of op dizze pagina by kopke ‘Fragen en antwurden’.

Private skulden yntsjinje

De Ryksbelestingtsjinst is begjin 2022 úteinset mei it oplossen fan skulden fan dupearre âlden/taslachpartners fan de berne-opfangtaslaggenaffêre. Yn in brief freget de Belestingtsjinst jo om as dupearre jo private skulden troch te jaan.

Hawwe jo jo oanmelden as dupearre?

En hawwe jo fan de Belestingtsjinst berjocht krigen dat jo dupearre binne? Dan kinne jo jo skuldelist trochjaan. Jo hoege net te wachtsjen oant jo de brief dêroer ûntfange.

Wolle of kinne jo dit net digitaal trochjaan?

As jo it lestich fine om jo private skulden online troch te jaan, of om in oersicht te meitsjen fan jo skulden, dan kinne jo kontakt opnimme mei it Helpteam Taslaggenaffêre 058 fan de gemeente Ljouwert.

Hokker skulden jouwe jo troch?

It moat gean om private skulden dy’t ûntstien binne tusken 1 jannewaris 2006 en 1 juny 2021. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Rijksbelastingdienst.

Private skulden binne skulden lykas:

  • banken
  • fersekerders
  • ynkassoburo’s
  • enerzjybedriuwen
  • wenningbouferieningen
  • online winkels
  • telefoanmaatskippijen
  • sportskoallen
  • erfpacht
  • hier fan fêstgoed of bedriuwsôffal.

As jo twivelje, kinne jo kontakt opnimme mei it Helpteam Taslaggenaffêre 058, fia de gemeente Ljouwert

Hoe jouwe jo jo skulden troch?

Jo kinne jo skulden op 2 manieren trochjaan:

As jo jo skulden net yntsjinje, dan kinne skuldeaskers (opnij) jo iepensteande skulden opeaskje.

Witte jo noch net krekt hokker skulden oft jo allegear hawwe?

Jou dan alfêst de skulden troch dy’t jo wol witte. Jo kinne sa faak as jo wolle skulden trochjaan.

Mear witte

Op de webside fan de Belastingdienst fine jo mear ynformaasje.

Understeuningsteam foar âlden en út ’e hûs pleatste bern

De taslaggenaffêre hat in soad fertriet en aaklike gefolgen feroarsake. De ôfrûne jierren is in groep bern fan troffen âlden út ’e hûs pleatst. Miskien is dit jo of jo bern ek oerkommen. Yn dy gefallen is it Understeuningsteam der foar jo en jo gesin.

Wat docht it Understeuningsteam?

  • Harkje en âlden en bern helpe by fragen oer úthûspleatsing.
  • Mei jo sjen wat der allegear bard is om de úthûspleatsing hinne. Sa besiket it Understeuningsteam helder te krijen wat de mooglikheden en winsken binne foar âlden en bern.
  • Organisaasjes ynskeakelje dy’t dêrfoar nedich binne en begeliede yn it kontakt mei dy organisaasjes.
  • Helpe yn it proses om it kontakt te herstellen, of om it gesin wer by-inoar te bringen.

Mear ynformaasje fine jo op de webside fan it Understeuningsteam.

Sitchting Lotgenotencontact

De Stichting Lotgenotencontact is ûnôfhinklik. It ministearje fan Finânsjes betellet de kosten foar de stifting.

Wat docht Stichting Lotgenotencontact?

  • Dit is in lanlike telefoanline foar dupearre âlden, troch dupearre âlden.
  • Yndividuele âlden ûndersteune yn kontakten mei ynstânsjes.
    Bygelyks mei saneamde trijepetearen by gemeenten en UHT.
  • Gemeenten ûndersteune by help oan dupearren. Bygelyks troch:
    • Mei te helpen mei it organisearjen fan en dielenimmen oan byienkomsten.
    • Mei te tinken mei gemeenten oer de help dy’t se oan âlden biede kinne.

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei Stichting Lotgenoten fia telefoannûmer 030 44 22 000 of stjoer in e-mail nei contact@lotgenotencontact.info.

Kindregeling

Binne jo bern fan in offisjeel dupearre âlder fan de taslaggenaffêre? Dan ûntfange jo in brief fan de Belestingtsjinst. Yn dy brief stiet ynformaasje oer de Kindregeling en it jildbedrach dat jo krije. It jildbedrach hinget ôf fan jo leeftyd. It kin even duorje foar’t jo dy brief ûntfange. Op de webside Kindregeling voor jou fine jo ynformaasje oer de planning.

Jo kinne ûndersteuning krije by:

  • Fragen oer ûnderwiis
  • Help by wurk
  • Jildproblemen
  • Ekstra soarch
  • As jo prate wolle oer wat jo oerkommen is.

Help nedich of mear witte?

Wolle jo hjir mei ien oer prate, of hawwe jo oare fragen? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Wy gean graach mei jo yn petear oer jo situaasje en wat jo nedich hawwe. Dit kin yn elke situaasje oars wêze.

De SPUK (spesifike útkearing)

De SPUK is in spesifike útkearing. Fia de SPUK kinne gemeenten jild oanfreegje om belied út te fieren. It jild fan de SPUK wurdt net direkt oan dupearre âlden/gesinnen jûn. It is om de brede ûndersteuning op te setten. Mei dy ûndersteuning wurde de (mooglik) dupearre âlden en harren gesin holpen. De SPUK is der net om te beslissen hokker help en brede ûndersteuning dupearre âlden/bern krije (kinne).

Ha jo rjocht op de SPUK?

Alden hawwe gjin rjocht op de SPUK. De SPUK is de manier wêrop’t gemeenten betelle wurde om harren wurk út te fieren. Yn de SPUK is regele wêrfoar’t gemeenten middels krije en hoe’t dy ferantwurde wurde moatte. De SPUK jout gjin rjocht op fergoeding of middels. De SPUK jildt net foar yndividuele helpfragen oan jo gemeente of it Helpteam Taslaggen.

Hoe wurket de brede ûndersteuning fanút it Helpteam?

Jo kinne help freegje by de gemeente Ljouwert. Jo krije dan in petear mei it Helpteam Taslaggen fan de gemeente Ljouwert. Hjiryn wurdt de ûndersteuningsfraach mei jo besprutsen. Per gebiet sjogge wy wat foar âlder/bern en harren gesin nedich is.

Net elkenien hat deselde help nedich. Wy sjogge dêrom per persoan/gesin wat nedich is. It Helpteam Taslaggen makket hjirfoar in plan fan oanpak mei de bêste help. Hjiryn stiet hoe’t de help derfoar soarget dat it slagget om de doelstellingen te heljen. Der wurdt dêrby ek rekken holden mei persoanlike omstannichheden fan de âlder/bern en it gesin. De brede ûndersteuning is maatwurk.

It kin wêze dat jo middels krije binnen de brede ûndersteuning. Dit kin allinnich as dit yn it plan fan oanpak stiet. Der is altyd in reden nedich. It rjocht op brede ûndersteuning is net itselde as in rjocht op middels.

Kin ik myn helpoanbod fergelykje mei oare âlden of mei help yn oare gemeenten?

Nee, dat kin net. It doel fan de ûndersteuning is dat jo in nije start meitsje kinne. Hoe’t dy nije start derút sjocht en wat dêrfoar nedich is, is maatwurk. Yn it petear sjogge wy wat jo nedich hawwe.

Is it mooglik om kosten fan in plan fan oanpak efterôf te fergoedzjen?

Nee, dat kin net. De brede ûndersteuning is altyd ferbûn oan in doelstelling op ien of mear gebieten. Dit komt yn in plan fan oanpak. It plan fan oanpak is in betingst. Der moat altyd in reden foar it krijen (en doelstelling) yn it plan fan oanpak stean. It Helpteam Taslaggen sjocht nei de situaasje no – op it stuit dat de âlder him of har meldt.

Wêr kin ik mear ynformaasje fine oer finansjele fergoedings?

Foar ekstra finansjele fergoedings ferwize wy jo nei de Belestingtsjinst en/of de Commissie Werkelijke Schade. Sjoch hjirfoar de webside fan de Belastingdienst.

Fragen en antwurden

Wat is it Helpteam Taslaggenaffêre 058?

It Helpteam Taslaggenaffêre 058 is tsjinstferliening op maat foar dupearren fan de Taslaggenaffêre berne-opfang út de Gemeente Ljouwert.

Kin ik ek foar in oar kontakt opnimme mei it Helpteam Taslaggenaffêre 058?

Ja. Jo kinne foar in oar kontakt opnimme. It moat wol dúdlik wêze dat dejinge dy’t slachtoffer is, jo hjirfoar machtige hat. It Helpteam jout allinnich help oan dupearren. It Helpteam praat dus altyd mei de dupearre sels om te sjen wat nedich is.

Moat ik foar it Helpteam Taslaggenaffêre 058 betelje?

Nee. Us wurk kostet jo neat.

Ha ik in advokaat nedich foar it Helpteam Taslaggenaffêre 058?

Nee. It kin wol wêze dat jo in advokaat nedich hawwe foar de problemen dy’t jo krigen hawwe troch de taslaggenaffêre. It Helpteam kin dêroer meitinke en advys jaan.

Hoe berik it Helpteam Taslaggenaffêre 058?

Jo kinne op ferskate manieren yn kontakt komme mei it Helpteam Taslaggenaffêre 058.

Stiet it Helpteam Taslaggenaffêre 058 los fan de Belestingtsjinst?

Ja. It Helpteam Taslaggenaffêre 058 stiet los fan de Belestingtsjinst.

Moat ik earst nei de Belestingtsjinst foar’t ik nei it Helpteam Taslaggenaffêre 058 kin?

Nee. Ek as jo noch gjin kontakt mei de Belestingtsjinst hân hawwe en jo jo noch net melden hawwe as slachtoffer, kinne jo ús freegje om help. Wy kinne jo helpe mei de melding by de Belestingtsjinst.

Kin it Helpteam Taslaggenaffêre 058 myn skuld by de Belestingtsjinst ek frijskatte?

Nee, de gemeente kin gjin jild (werom)betelje. Dit moat de Belestingtsjinst dwaan. It Helpteam kin jo yn kontakt bringe mei de Belestingtsjinst. It Helpteam helpt jo ek as jo skulden hawwe of problemen mei jo gesin of wurk.

Ik bin noait serieus nommen; docht it Helpteam Taslaggenaffêre 058 dat wol?

Ja. It Helpteam stiet foar jo klear, harket nei jo en giet foar jo oan ’e slach. It hat te lang duorre foar’t de regearing tajoech dat de Belestingtsjinst flaters makke hat. De regearing sjocht dy flaters no en hat der ekskúzes foar makke. In soad minsken ha grutte problemen troch de fouten fan de Belestingtsjinst. De regearing hat de gemeenten oproppen slachtoffers te helpen. It Helpteam Taslaggenaffêre 058 stiet foar jo klear.

Wat is berne-opfangtaslach?

Berne-opfang kostet jild. De measte minsken kinne dat net hielendal sels betelje. Dêrom kinne jo by de Belestingtsjinst berne-opfangtaslach oanfreegje. Hoefolle taslach oft jo krije, hinget ôf fan jo ynkommen, it oantal oeren opfang en it oantal oeren dat jo wurkje.

Wêrom moat ik de berne-opfangtaslach werom betelje?

Dat kin troch in soad dingen komme. Lykas:
De berne-opfangtaslach is in moanliks foarskot. Berne-opfang moat ommers ek per moanne betelle wurde. De Belestingtsjinst berekkenet achterôf oft it moanliks foarskot goed wie. As jo tefolle foarskot krigen, moatte jo dat werombetelje.

Wat is de taslaggenaffêre berne-opfang?

Wolle jo mear witte oer de taslaggenaffêre berne-opfang? Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Rijksbelastingdienst.

Ik ha al kontakt mei de Belestingtsjinst. Moat ik dan ek nei it Helpteam Taslagge-affêre 058?

Dat hoecht net. It mei wol. Jo kinne bygelyks kontakt opnimme mei it Helpteam Taslaggenaffêre 058 as jo der mei de Belestingtsjinst net útkomme. Of as jo help nedich hawwe fan de gemeente. Tink bygelyks oan: help by skulden, sûnens, wurk of deibesteging, jo gesin en driigjende hûsútsetting. It Helpteam helpt jo troch bygelyks ynkomsten, fêste lêsten en skulden tegearre op in rychje te setten. En jo papieren op oarder te krijen. Sa soargje wy der mei-inoar foar dat dúdlik is wat der barre moat, wat jo sels dwaan kinne en hoe lang’t it duorret.

Wat docht de Belestingtsjinst sels?

De Belestingtsjinst wurket oan it goedmeitsjen fan de fouten dy’t earder makke binne. Gesinnen dy’t hurd rekke binne, krije jild werom. De Belestingtsjinst ferleget bygelyks de bedraggen dy’t jo werombetelle hawwe of noch werombetelje moatte. It kin ek wêze dat jo neat mear werom hoege te beteljen. It duorret in skoft foar’t jo dêr wat oer hearre. Dat komt om’t de prosessen fan de taslaggenaffêre in soad tiid kostje. De Belestingtsjinst hat gemeenten frege om te helpen. Gemeenten biede oare soarten help oan gesinnen dy’t dat nedich hawwe.

Krij ik kompensaasje?

Miskien krije jo fan de Belestingtsjinst jild werom dat jo tefolle betelle hawwe. Soms hawwe jo rjocht op in ekstra bedrach, om’t de fouten fan de Belestingtsjinst ek oare gefolgen foar jo hienen. Dat ekstra berdach hjit kompensaasje. De Belestingtsjinst besjocht oft jo rjocht hawwe op kompensaasje. Wolle jo dêr mear oer witte? Nim kontakt op mei de Belastingdienst op telefoannûmer 0800 – 2 358 358.

Ek kinne jo it Helpteam Taslaggenaffêre 058 freegje om jo yn kontakt te bringen mei de Belestingtsjinst.