Fluch oan:

Wurkwize

De stimburo’s slute om 21:00 oere. De stimburoleden telle hoefolle kiezers der stimd hawwe. Dit dogge sy troch it oantal jildige stimpassen, kiezerspassen en folmachtbewizen te tellen. Dêrneist telle sy de stimmen op per partij. Alle stimmen wurde notearre yn in ferslach (proses-ferbaal).

De oare deis telt it gemeentlik stimburo op in sintraal plak alle stimmen op per partij en per kandidaat.

Wêr en wannear wurde de stimmen teld?

It tellen fan de stimmen bart op freed 7 juny 2024 fan 09:00 oere oere ôf yn it Stasjonskertier, Snitsertrekwei 1, 8912 AA yn Ljouwert. Jo meie hjirby oanwêzich wêze.