Fluch oan:

Wat is in stipeferklearring?

In stipeferklearring is in skriftlike ferklearring dy’t in kiezer ôfleit by syn gemeente. Mei dy ferklearring lit de kiezer sjen dat dy de dielname fan in partij oan de Twadde Keamerferkiezing stipet. De kiezer is by de ferkiezing net ferplicht om op dy partij te stimmen.  In kiezer mei mar ien stipeferklearring ôflizze. As in stipeferklearring ôflein en ynlevere is, kin de kiezer dy net mear ynlûke.

Wannear meie jo in stipeferklearring ôflizze yn de gemeente Ljouwert?

  • as jo ynskreaun steane yn de gemeente Ljouwert;
  • as jo de Nederlânske nasjonaliteit hawwe;
  • as jo op 22 novimber 2023 18 jier of âlder binne;
  • as jo net útsletten binne fan it kiesrjocht.

Wannear?

Fan 25 septimber oant en mei 9 oktober 2023.  Graach hjir in ôfspraak foar meitsje. Mar jo kinne ek sûnder ôfspraak lânskomme.

Wat nimme jo mei?

  • Jo krije in stipeferklearring fan de politike partij dy’t jo stypje wolle. Dy ferklearring nimme jo mei. Folje jo eigen gegevens yn, mar ûndertekenje de ferklearring noch net!
  • In jildich legitimaasjebewiis.

Jo ûndertekenje it stipeformullier yn it bywêzen fan in meiwurker fan boargersaken. De amtner registrearret de stipe. Dêrnei krije jo it formulier werom. It formulier leverje jo sels yn by de politike partij.

Fersomperioade

Op woansdei 11 oktober fan 09:00 oant 17:00 oere en tongersdei 12 oktober fan 09:00 oant 17:00 oere is der in mooglikheid ta it werstellen fan de ynlevere kandidatelisten. Under de fersomperioade is der ek mooglikheid ta it ôflizzen fan stipeferklearringen.

Fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.