Fluch oan:

Stimpas net ûntfongen, kwyt of beskeadige

Jo ûntfange uterlik op 23 maaie 2024 in stimpas. Hawwe jo der net ien krigen? Freegje dan sa gau mooglik in nije stimpas oan. Dit kin mûnling of skriftlik. Jo ûntfange de nije stimpas op it adres dêr’t jo ynskreaun stean.

Mûnling oanfreegje

Kom uterlik op 5 juny foar 12:00 oere lâns op it gemeentehûs. In ôfspraak meitsje is net noadich. Nim in jildich identiteitsbewiis mei.

Skriftlik oanfreegje

Ful it formulier Fersyk om in ferfangende stimpas yn. It ynfulde en ûndertekene formulier moat uterlik op 3 juny ûntfongen wêze troch de gemeente Ljouwert.

  • Stjoer it formulier fia e-mail nei verkiezingen@leeuwarden.nl.
  • Of stjoer it formulier op nei Gemeente Ljouwert, ôfdieling Boargersaken/Ferkiezingen, Postbus 21000, 8900 JA Ljouwert.

Wenje jo yn it bûtenlân?

Registrearje jo dan as kiezer bûten Nederlân. Jo krije de dokuminten om te stimmen tastjoerd. Freegje jo registraasje oan fia de webside fan de gemeente Den Haach. Doch dit uterlik tongersdei 25 april 23:59 oere.

Binne jo tydlik yn it bûtenlân?

Jo kinne per brief stimme fanút jo tydlike bûtenlânske adres mei in briefstimbewiis. Jo moatte wol in bûtenlânsk postadres hawwe dêr’t jo briefstimbewiis hinne stjoerd wurde kin. Jo kinne in briefstimbewiis oanfreegje fia de webside fan de gemeente Den Haach. Jo oanfraach moat uterlik freed 10 maaie (23:59 oere Nederlânske tiid) by de gemeente Den Haach binnen wêze.

Immen oars stimme litte (folmacht)

Dit is mooglik. De persoan dy’t jo machtigje mei neist in eigen stim, maksimaal 2 oare stimmen útbringe. Dit hjit in folmacht. Regelje in folmacht foar’t jo nei it stimburo gean. Der is ferskil tusken in ûnderhânske folmacht en in skriftlike folmacht.

Underhânske folmacht regelje

In ûnderhânske folmacht kinne jo pas regelje as jo de stimpas ûntfongen hawwe. Dizze folmacht kin oant op de dei fan de ferkiezingen. Op it stimburo sels kin dit net regele wurde.

  • Ful op de achterkant fan jo stimpas de namme yn fan de persoan dy’t foar jo stimme sil. Dit is de machtige.
  • Set jo hantekening op it goede plak. Ek de machtige set in hantekening.
  • Jou in kopy of scan fan jo identiteitsbewiis mei oan de machtige. Dit mei ek in foto op in mobile telefoan of tablet wêze. Soargje dat de foto goed te sjen is.

Oandachtspunt by ûnderhânske folmacht

De persoan dy’t foar stimme sil (machtige) moat yn de gemeente Ljouwert wenje en sels ek in stimpas hawwe.

Skriftlike folmacht regelje

In skriftlike folmacht kinne jo no al regelje. Bygelyks omdat jo op fakânsje geane en de stimpas noch net ûntfongen hawwe.

Hawwe jo gjin jildich identiteitsbewiis?

Ek sûnder jildich identiteitsbewiis kinne jo in skriftlike folmacht oanfreegje.

  • Ful it formulier Fersyk om by folmacht te stimmen yn. Doch dit tegearre mei de persoan dy’t jo machtigje wolle.
  • It ynfulde en ûndertekene formulier moat uterlik op 3 juny ûntfongen wêze troch de gemeente Ljouwert.
    • Stjoer it formulier fia e-mail nei verkiezingen@leeuwarden.nl.
    • Of stjoer it formulier op nei Gemeente Ljouwert, ôfdieling Boargersaken/Ferkiezingen, Postbus 21000, 8900 JA Ljouwert.
  • Hawwe jo al in stimpas yn ’e hûs? Stjoer dy dan mei jo fersyk mei.

De machtige ûntfangt in folmachtbewiis. Dêrmei kin de machtige foar jo stimme.

Ferhuzing op of nei 23 april

Ferhuze nei de gemeente Ljouwert

Jo kinne jo stim útbringe yn de gemeente dêr’t jo op 23 april ynskreaun stiene. Wolle jo dat net? Freegje op ’e tiid in kiezerspas oan. Mei in kiezerspas kinne jo stimme yn alle gemeente yn Nederlân (ek op Bonêre, Sint Eustatius en Saba).

Yn in oare gemeente stimme (kiezerspas)

Wolle jo stimme yn in oare gemeente?

Dan moatte jo in kiezerspas oanfreegje. In kiezerspas freegje jo skriftlik of mûnling oan by de gemeente dêr’t jo op 23 april ynskreaun stiene.

Skriftlik oanfreegje

  • Ful it formulier Fersyk om in kiezerspas yn.
  • It ynfulde en ûndertekene formulier moat uterlik op 3 juny ûntfongen wêze troch de gemeente Ljouwert.
    • Stjoer it formulier fia e-mail nei verkiezingen@leeuwarden.nl.
    • Of stjoer it formulier op nei Gemeente Ljouwert, ôfdieling Boargersaken/Ferkiezingen, Postbus 21000, 8900 JA Ljouwert.

Mûnling oanfreegje

  • Ful it formulier Fersyk om in kiezerspas yn.
  • Of kom persoanlik lâns op it gemeentehûs. Dit kin oant 5 juny 12:00 oere. Nim jo stimpas en in jildich identiteitsbewiis mei. Jo krije de kiezerspas fuortdaliks mei. Jo moatte hjir in ôfspraak foar meitsje.

Stimme foar minsken mei in beheining

Mear ynformaasje fine jo op de pagina Stimme mei in beheining.

Fragen of mear ynformaasje?

Mear ynformaasje oer de ferkiezingen yn de gemeente Ljouwert fine jo op de side Ferkiezingen of op de webside fan de Kiesried.

Foar oare ynformaasje of fragen nimme jo kontakt op mei de gemeente Ljouwert.