Fluch oan:

Ekstra tagonklik stimburo

  • Yn de gemeente Ljouwert is in ekstra tagonklik stimburo ynrjochte. De lokaasje fan it ekstra tagonklike stimburo is de Neushoorn, Ruterskertier 41.
  • Busline 6 stoppet 2 kear yn ’e oere by stimburo Neushoorn.
  • Der binne 2 fêste ynfalideparkearplakken rjochts neist De Harmonie.
  • By de ferkiezingen wurde ekstra ynfalideparkearplakken ynrjochte by stimburo Neushoorn.

Fisuele beheining

  • Jo meie jo eigen telefoan mei fergrutting, of in oare elektroanyske loep of kamera brûke by it stimmen.
  • Op elk stimburo is in loep, ekstra ferljochting en ekstra grutte kandidatelist oanwêzich.
  • Jo kinne help yn it stimhokje krije troch in meiwurker fan it stimburo, of immen dy’t jo sels meinimme.
  • Allinnich yn stimburo Neushoorn is in stimmal mei soundbox oanwêzich. Mear ynformaasje oer wat in stimmal is en hoe’t jo dermei stimme kinne fine jo yn it filmke Stimmal.
  • As jo gebrûk meitsje wolle fan de soundbox, meie jo ek jo eigen koptelefoan meinimme. Tink wol om de jackplug.
  • Jo kinne de útlis oer it gebrûk fan de stimmal en de soundbox yn it stimburo beharkje.

Auditive beheining

  • Op 6 juny fan 07:30 oant 12:00 oere is der in Tolk Nederlânsk Gebeartetaal oanwêzich yn stimburo Neushoorn.
  • Filmkes mei ûndertiteling en mei in Tolk Nederlânsk Gebeartetaal fine jo op webside Stimsto ek.

Licht ferstanlike beheining (LVB)

  • Jo meie gjin help krije yn it stimhokje. Wol meie jo bûten it stimhokje útlis krije oer hoe’t it stimbiljet wurket. Dit mei troch in meiwurker fan it stimburo, of troch immen dy’t jo sels meinimme. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Steffie.
  • Der binne 4 prokkelduo’s yn stimburo’s fan de gemeente Ljouwert.
    In prokkelduo bestiet út in persoan mei in licht ferstanlike beheining en in begelieder. Sy kinne jo helpe by it stimmen.
    Mear ynformaasje oer prokkelduo’s fine jo op de webside fan Stichting Prokkel.

Lichaamlike beheining

  • Alle stimburo’s binne goed berikber foar minsken mei in rollator of rolstoel fan standertformaat.
  • Yn alle stimburo’s is in ferlege stimhokje oanwêzich.
  • Yn stimburo Neushoorn is in gasthear/gastfrou oanwêzich foar help en begelieding.
  • Jo kinne help yn it stimhokje krije troch in meiwurker fan it stimburo, of immen dy’t jo sels meinimme.
  • Yn stimburo Neushoorn is in ekstra grut stimhokje foar skootmobyls en rolstuollen fan in ôfwikend formaat. Der is ek in infalidetoilet.

Ferkiezingstaksy foar ferfier nei stimburo

Kinne jo min rinne of hawwe jo in oare beheining? Mar wolle jo wol sels stimme? Meitsje dan gebrûk fan de gratis ferkiezingstaksy.

Hoe wurket it?

De ferkiezingstaksy hellet jo thús op en bringt jo nei in goed berikber stimlokaal by jo yn ’e buert. Nei’t jo stimd hawwe, wurde jo wer thúsbrocht. De ferkiezingstaksy kin wat earder of letter wêze as de ôfsprutsen tiid.

Ofspraak meitsje

Jo kinne oant woansdei 5 juny 12:00 oere in ôfspraak meitsje. Nim kontakt op mei Taksy Witteveen fia telefoannûmer 058 – 2800505. Jou hjirby dúdlik oan dat it giet om de ferkiezingstaksy, neam it opheladres en it adres fan it stimlokaal. It adres fan jo stimlokaal fine jo achterop jo stimpas.

Jo miening telt!

De foarsitter fan it stimburo hâldt klachten en opmerkingen by.

Komme jo yn it stimburo wat tsjin dat ûntagonklik is?

Meld dit by de foarsitter fan it stimburo.

Binne der problemen of beheiningen mei stimmen?

Meld dit by de Wurkgroep Tagonklikens gemeente Ljouwert. E-mailadres is toegankelijkleeuwarden@gmail.com.

Fragen of mear ynformaasje?

  • Foar oare ynformaasje of fragen nimme jo kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
  • Mear ynformaasje oer de ferkiezingen fine jo op de side Ferkiezingen.