Fluch oan:

Wêrom is dizze brief ferstjoerd?

As EU-ynwenner meie jo sels bepale yn hokker EU-lân oft jo stimme foar de ferkiezingen fan it Europeesk Parlemint. Dit kin yn Nederlân wêze, of yn it EU-lân dêr’t jo de nasjonaliteit fan hawwe. As jo stimme wolle yn de gemeente dêr’t jo wenje, dan moatte jo jo hjirfoar registrearje by de gemeente.

Gjin brief krigen?

As jo ek de Nederlânske nasjonaliteit hawwe, dan krije jo gjin brief. Dan krije jo automatysk in stimpas. In stimpas is in bewiis om stimme te meien.

Registrearje as kiezer yn Nederlân

As jo stimme wolle yn Nederlân, dan moatte jo jo hjirfoar registrearje by de gemeente foar 23 april. Hawwe jo (ek) de Nederlânske nasjonaliteit? Dan hoege jo neat te dwaan. Jo krije automatysk in stimpas.

Mûnling registrearje

Kom foar 23 april lâns op it gemeentehûs. Jo kinne it formulier Model Y-32 downlade, printsje en ynfulle. Nim in jildich identiteitsbewiis mei.

Skriftlik registrearje

Ful it formulier Model Y-32 yn. It ynfulde en ûndertekene formulier moat mei in kopy fan in jildich identiteitsbewiis op syn letst 23 april ûntfongen wêze troch de gemeente Ljouwert.

  • Stjoer it formulier fia e-mail nei verkiezingen@leeuwarden.nl.
  • Of stjoer it formulier op nei Gemeente Ljouwert, ôfdieling Boargersaken/Ferkiezingen, Postbus 21000, 8900 JA Ljouwert.

Registrearje as kiezer yn oar EU-lân

As jo stimme wolle yn it EU-lân dêr’t jo wei komme, dan hoege jo jo net te registrearjen by gemeente Ljouwert. Jo kinne dan kontakt opnimme mei it konsulaat yn Nederlân fan it lân dêr’t jo wei komme.

Fragen?

Foar fragen nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Of stjoer in e-mail nei verkiezingen@leeuwarden.nl.