Fluch oan:

Wat ferwachtsje wy fan jo?

Jo:

  • binne beskikber op 29 oktober;
  • Jo binne berne op of foar 29 oktober 2007;
  • binne stressbestindich en sjogge der netsjes en fersoarge út;
  • binne behelpsum;
  • kinne goed telle en rekkenje;
  • binne ree om in digitale trening te folgjen en dy mei in foldwaande ôf te rûnjen;
  • kinne goed it lêze, skriuwe en prate yn it Nederlânsk;
  • wurkje neffens de regels;
  • behannelje elkenien gelyk;
  • jo hawwe ûnderfining mei digitaal wurkjen. Jo krije nammentlik tagong ta alle digitale útlis.

Wêr moat in teller oan foldwaan?

As teller folgje jo de útlis en oanwizingen fan de foarsitter en binne jo beskikber op 29 oktober fan 20:45 oere ôf oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 0:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek earder of letter wurde.

Wêr moat in stimburolid oan foldwaan?

As stimburolid folgje jo de útlis en oanwizingen fan de foarsitter en binne jo op 29 oktober beskikber fan:

  •  07:00 oere oant 11:30 oere en fan 18:30 oere oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 0:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek earder of letter wurde.

Of fan:

  • 11:30 oere oant 18:30 oere en fan 20:45 oere oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 0:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek earder of letter wurde.

Wêr moat in foarsitter oan foldwaan?

  • Jo beskikke by de ferkiezingen oer in auto en in smartphone (mobile telefoan mei ynternet)
  • Jo kinne liedingjaan, goed mei sifers omgean en besluten nimme.

Yn in koarte byienkomst krije jo útlis oer de ferkiezingen.

Foarsitter groep 1

  • Is beskikber op 29 oktober fan 06:00 oere ôf oant 11:30 oere en fan 18:30 oere ôf oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 0:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek earder of letter wurde.
  • Krije in trening oer de telemetoade en jouwe hjiroer útlis oan de oare stimburoleden.
  • Is tellieder by it tellen fan de stimmen.
  • Is ferantwurdlik foar it ynfullen fan it proses-ferbaal.
  • Hellet fan 06:00 oere ôf de materialen op yn it gemeentehûs.
  • Leverje jûns mei foarsitter 2 en 2 stimburoleden alle materialen yn.

Foarsitter groep 2

  • Is beskikber op 29 oktober fan 11:30 oere ôf oant 18:30 oere en fan 20:45 oere ôf oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 0:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek earder of letter wurde.
  • Nimt by ôfwêzichheid fan de foarsitter de taken fan de foarsitter oer.
  • Lêze alle materialen oer de telmetoade.
  • Leverje jûns mei foarsitter 1 en 2 stimburoleden alle materialen yn.

Fergoedingen

Omskriuwing Bedrach
Stimburofoarsitter groep 1 € 175,-
Stimburofoarsitter groep 2 € 150,-
Stimburolid € 125,-
Teller € 60,-
Fergoeding ferfier fan transportboksen mei eigen auto fan stimburo nei sintrale tellokaasje (foarsitters) € 35,-
Fergoeding meiriden ferfier sûnder auton ei sintrale tellokaasje (2 leden per stimburo) € 20,-
Trening tellen foarsitters groep 1 op lokaasje (nije foarsitters) € 35,-
Digitale trening tellen foarsitters € 20,-
Reserve foarsitter + trening + beskikber € 50,-
Reserve stimburolid + trening + beskikber € 50,-
Reserveteller + trening + beskikber € 25,-

As jo yndield wurde, ûntfange jo de hiele fergoeding. De fergoeding as reserve ferfalt dan. Wy soargje foar in lunsjpakket.

Oanmelde

Jo kinne jo oanmelde fia it oanmeldportaal Ferkiezingen Twadde Keamer 2025. It kin wêze dat der op it stuit fan oanmelden al genôch stimburofoarsitters, stimburoleden en tellers binne. Wy bewarje dan jo oanmelding. Sadree’t der in plak frijkomt nimme wy kontakt mei jo op.

Mear ynformaasje

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.