Fluch oan:

Wat ferwachtsje wy fan jo?

  • Jo binne berne op of foar 6 juny 2006;
  • stressbestindich en jo sjogge der netsjes en fersoarge út;
  • behelpsum;
  • kinne goed telle en rekkenje;
  • ree om in digitale trening te folgjen en dy mei in foldwaande ôf te rûnjen;
  • goed yn it lêzen, skriuwen en praten yn it Nederlânsk;
  • wurkje neffens de regels
  • behannelje elkenien gelyk en hawwe ûnderfining mei digitaal wurkjen.

Wêr moat in teller oan foldwaan?

As teller folgje jo de útlis en oanwizingen fan de foarsitter en binne jo beskikber op 6 juny fan 20:45 oere ôf oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 0:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek letter wurde.

Wêr moat in stimburolid oan foldwaan?

As stimburolid folgje jo de útlis en oanwizingen fan de foarsitter en binne jo op 6 juny beskikber fan:

  •  07:00 oere oant 11:30 oere en fan 18:30 oere oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 0:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek letter wurde.

Of fan:

  • 11:30 oere oant 18:30 oere en fan 20:45 oere oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 0:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek letter wurde.

Wêr moat in foarsitter oan foldwaan?

  • Jo beskikke by de ferkiezingen oer in auto en in smartphone (mobile telefoan mei ynternet)
  • Jo kinne liedingjaan, goed mei sifers omgean en besluten nimme.

Yn in koarte byienkomst krije jo útlis oer de ferkiezingen.

Foarsitter 1

  • Is beskikber op 6 juny fan ûngefear 06:00 oere ôf oant 11:30 oere en fan 18:30 oere ôf oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 0:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek letter wurde.
  • Krije in trening oer de Vox telemetoade en jouwe hjiroer útlis oan de oare stimburoleden.
  • Is tellieder by it tellen fan de stimmen.

Foarsitter 2

  • Is beskikber op 6 juny fan ûngefear 11:30 oere ôf oant 18:30 oere en fan 20:45 oere ôf oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 0:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek letter wurde.
  • Nimt by ôfwêzichheid fan de foarsitter de taken fan de foarsitter oer.

Fergoedingen

Omskriuwing Bedrach
Stimburofoarsitter 1 € 175,-
Stimburofoarsitter 2 € 150,-
Stimburolid € 125,-
Teller € 60,-
Fergoeding ferfier fan transportboksen mei eigen auto fan stimburo nei sintrale tellokaasje (foarsitters) € 35,-
Fergoeding meiriden ferfier sûnder auton ei sintrale tellokaasje (2 leden per stimburo) € 20,-
Fysike trening tellen foarsitters (nije foarsitters) € 35,-
Digitale trening tellen foarsitters € 20,-

Wy soargje foar in lunsjpakket.

Oanmelde

Jo kinne jo oanmelde fia it oanmeldportaal Ferkiezingen Europeesk Parlemint 2024. It kin wêze dat der op it stuit fan oanmelden al genôch stimburofoarsitters, stimburoleden en tellers binne. Wy bewarje dan jo oanmelding. Sadree’t der in plak frij komt nimme wy kontakt mei jo op.

Mear ynformaasje

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Of stjoer in e-mail nei verkiezingen@leeuwarden.nl.