Fluch oan:

Wat ferwachtsje wy fan jo

Jo:

  • binne beskikber op 17 maart 2027;
  • binne berne op of foar 17 maart 2009;
  • binne stressbestindich en sjogge der netsjes en fersoarge út;
  • binne behelpsum;
  • kinne goed telle en rekkenje;
  • binne ree om in digitale trening te folgjen en dy mei in foldwaande ôf te rûnjen;
  • kinne goed it lêze, skriuwe en prate yn it Nederlânsk;
  • wurkje neffens de regels;
  • behannelje elkenien gelyk;
  • hawwe ûnderfining mei digitaal wurkjen. Jo krije nammentlik tagong ta alle digitale útlis.

Wêr moat in teller oan foldwaan

As teller folgje jo de útlis en oanwizingen fan de foarsitter op. Jo binne beskikber op 17 maart 2027 fan 20:45 ôf oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 00:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek earder of letter wurde.

Wêr moat in stimburolid oan foldwaan

As stimburolid folgje jo de útlis en oanwizingen fan de foarsitter op. Op 17 maart 2027 binne jo beskikber ûnder 1 fan de folgjende tiidsblokken:

  • fan 07:00 oere oant 11:30 oere en fan 18:30 oere oant alles ôfrûne is;
  • fan 11:30 oere oant 18:30 oere en fan 20:45 oere oant alles ôfrûne is.

De wurksumheden binne om sawat 00:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek earder of letter wurde.

Wêr moat in foarsitter oan foldwaan

  • Jo beskikke by de ferkiezingen oer in auto en in smartphone (mobile telefoan mei ynternet).
  • Jo kinne liedingjaan, goed mei sifers omgean en besluten nimme.

Yn in koarte byienkomst krije jo útlis oer de ferkiezingen.

Foarsitter groep 1

  • Is beskikber op 17 maart 2027 fan 06:00 oere ôf oant 11:30 oere en fan 18:30 oere oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 00:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek earder of letter wurde.
  • Krije in trening oer de telemetoade en jouwe hjiroer útlis oan de oare stimburoleden.
  • Is tellieder by it tellen fan de stimmen.
  • Is ferantwurdlik foar it ynfullen fan it proses-ferbaal.
  • Hellet fan 06:00 oere ôf de materialen op yn it gemeentehûs.
  • Leveret jûns mei foarsitter 2 en 2 stimburoleden alle materialen yn by Sporthal Kalverdijkje.

Foarsitter groep 2

  • Is beskikber op 17 maart 2027 fan 11:30 oere oant 18:30 oere en fan 20:45 oere ôf oant alles ôfrûne is. De wurksumheden binne om sawat 00:00 oere hinne ôfrûne, mar it kin ek earder of letter wurde.
  • Nimt by ôfwêzichheid fan de foarsitter de taken fan de foarsitter oer.
  • Liedt de telling fan de ferkiezing fan it wetterskip (by gruttere stimburo’s)
  • Lêze alle materialen oer de telmetoade.
  • Leveret jûns mei foarsitter 1 en 2 stimburoleden alle materialen yn by Sporthal Kalverdijkje.

Fergoedingen

Omskriuwing Bedrach
Stimburofoarsitter groep 1 € 175,-
Stimburofoarsitter groep 2 € 150,-
Stimburolid € 125,-
Teller € 60,-
Fergoeding ferfier fan transportboksen mei eigen auto fan stimburo nei sintrale tellokaasje (foarsitters) € 35,-
Fergoeding meiriden ferfier sûnder auton ei sintrale tellokaasje (2 leden per stimburo) € 20,-
Trening tellen foarsitters groep 1 op lokaasje (nije foarsitters) € 35,-
Digitale trening tellen foarsitters € 20,-
Reserve foarsitter + trening + beskikber € 50,-
Reserve stimburolid + trening + beskikber € 50,-
Reserveteller + trening + beskikber € 25,-

As jo yndield wurde, ûntfange jo de hiele fergoeding. De fergoeding as reserve ferfalt dan. Wy soargje foar in lunsjpakket.

Oanmelde

Meld jo digitaal (iepenet yn in nij ljepblêd) oan as nij stimburolid. Nei oanmelding kontrolearje wy jo gegevens, nimme as dat nedich is kontakt mei jo op, en krije jo tagong ta ús ledeportaal.

Fragen

Stel jo fraach digitaal fia it kontaktformulier (iepenet yn in nij ljepblêd).
Kinne of wolle jo dat net? Nim op in oare wize kontakt op mei de gemeente Ljouwert.