Fluch oan:

Tender Unia west

Frege wurdt om in ynskriuwing foar de realisaasje fan in diellokaasje yn it buorskip Unia yn Ljouwert. Foar dit buorskip hat de gemeenteried fan Ljouwert it stêdeboukundich plan, it bestimmingsplan en de wolstânsrjochtlinen fêststeld.

It bestimmingsplan stiet fêst en it plangebiet wurdt yn juny 2024 bouryp, ynklusyf nutsfoarsjenningen, oplevere.

De ûntwikkeling fan de wenningen moat foldwaan oan de easken dy’t steld wurde. Dy lêze jo werom yn alle dokuminten. Dêrneist wol de gemeente dat de wenningen safolle mooglik sirkulêr/biobased, klimaatadaptyf en natuerynklusyf boud wurde.

De ûntwikkeling fan Unia bart yn in oantal dielprojekten (blokken). Sjoch hjirfoar figuer 1 yn it Tenderdokumint.

Bylagen 1 oant en mei 6 en nota fan ynljochtingen

Yn it Tenderdokumint fan Unia west fine jo op de lêste pagina by haadstik 13 in list mei bylagen. Hjirûnder fine jo in oersjoch fan dy bylagen:

Fragen?

De fragen dy’t steld wurde yn de tiid fan de Tender wurde beäntwurde yn de nota fan ynljochtingen. Dy wurdt útrikt oan de ynteressearren. Neam by it yntsjinjen fan jo plan it folgjende saaknûmer: 2024-034255.

Ynskriuwe

Jo kinne jo ynskriuwe foar de Tender fan Unia west troch it ynskriuwformulier yn te fullen.

Der wurdt mei klam net frege om yn dit stadium foarstellen yn te tsjinjen foar de echte bouplannen, mar inkeld in sketsûntwerp (situaasje, bouflak) en (in) referinsjewenning(en) dy’t oanbean wurdt.

Jo ynset oangeande de seleksjekritearia moatte jo oan de hân fan de frege berekkeningen (MPG en materiaalgebrûk) en tapasber op de oanbeane referinsjewenning oerlizze. Ek moatte jo jo ynspanningen oangeande natuerynklusiviteit en klimaatadaptaasje yn de oanbelangjende blokken útwurkje.

Jo kinne dizze dokuminten per e-mail ferstjoere nei info@dezuidlanden.nl.