Fluch oan:

Oansizzing fan foarnommen ferkeap fan grûn en wetter

De gemeente Ljouwert is fan doel om mei in partij in oerienkomst ta keap te sluten foar in perseel grûn en in perseel wetter by De Leijte 4 yn Himpens.

  • Kadastraal bekend gemeente Huzum, seksje K, nûmer 2977 grut 217 m2.
  • Kadastraal bekend gemeente Huzum, seksje K, nûmer 2979 grut 224 m2.

Ien serieuze gadingmakker

Troch in útspraak fan de Hege Rie moat de gemeente by de útjefte fan grûn gelikense kânsen jouwe oan gadingmakkers. In seleksjeproseduere hoecht net as yn it foar fêst stiet oft reedlikerwiis oannommen wurde mei dat mar ien gadingmakker foar de grûn yn oanmerking komt. De gemeente mient dat yn dit gefal de útsûnderingsregel lykas neamd yn it arrest fan tapassing is en der sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker om de folgjende reden.

De gemeente hat al yn 2016 mei alle bewenners fan wenarken yn de haven De Leijte oerienstimming berikt oer it yn eigendom krijen troch dy bewenners fan de wetterboaiem en it oanlizzende wâlperseel fan harren wenarken. De makke ôfspraken binne in útfloeisel fan it gemeentlik grûnbelied. Foarhinne betellen de bewenners prekario foar de grûn en it lisplak fan de gemeente. Sy hawwe harren wenarken sels yn eigendom.

De bewenners fan de oanbelangjende wenark wolle tegearre mei de gemeente de destiids makke ôfspraken no fieder ôfrûnje. Sy hawwe mei op grûn fan dy oerienstimming ynvestearringen dien oan harren wenarke en oan it oanlizzende wâlperseel. De gemeente is dêrom fan miening dat der yn dit gefal sprake is fan mar ien serieuze gadingmakker.

Net iens mei it foarnimmen?

Elke oare gadingmakker dy’t fynt dat er ek foar dit rjocht yn oanmerking komme moatte soe, moat binnen 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (18 april 2024) in koart pleit oan ’e oarder steld hawwe oangeande dizze saak by de rjochtbank Noard-Nederlân.

Fragen?

Ful it ‘Reaksjeformulier Grûn en Fêstgoed’ yn. It publikaasjenûmer is: 2024-078267.