Fluch oan:

De briefadresjouwer jout jo jo post

De briefadresjouwer is de persoan of ynstelling dy’t ynskreaun stiet op it briefadres. De briefadresjouwer soarget derfoar dat jo jo post krije. Bygelyks belestingformulieren of in stimpas.

Redenen om in briefadres oan te freegjen

  • Jo hawwe gjin wenadres omdat jo:
    • dakleas of thúsleas binne;
    • binnen 3 moannen nei jo folgjende wenadres ferhúzje;
    • minder as 8 moannen yn it jier yn it bûtenlân wenje;
    • koarter as 2 jier yn it bûtenlân binne; En foar jo wurk op in skip farre dat de thúshaven yn Nederlân hat.
  • Jo wenje yn in soarchynstelling, finzenis of in bliuw-fan-myn-liifhûs.
  • Om feilichheidsredenen. Nei it oardiel fan de boargemaster.

In briefadres freegje jo oan by de gemeente. Jo meitsje hjirfoar in ôfspraak; tegearre mei jo sjogge wy oft jo hjirfoar yn oanmerking komme.

Wat moatte jo meinimme as jo lânskomme?

  • Jo legitimaasjebewiis. Dat mei in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis wêze.
  • De briefadresjouwer komt persoanlik mei.