Fluch oan:

Oansizzing fan foarnommen ferlinging hieroerienkomst

Sûnt 1 maaie 2019 is der sprake fan in hieroerienkomst tusken Jolanda’s mobile kapsalon en de gemeente, op grûn dêrfan’t Jolanda’s mobile kapsalon it eksklusyf gebrûk fan it objekt oan de Wurdumerpoartsbrêge 2k, te Ljouwert hat.

De gemeente sjocht Jolanda’s mobile kapsalon as iennichste serieuze gadingmakker foar de hierferlingen om’t it hierde as middenstânsbedriuwsromte yn de sin fan kêst 7: 290 BW kwalifisearre wurdt en dêrom hierbeskerming genietet. Dêrneist hat hierder sûnt 1 maaie 2019 har klantekring op dizze lokaasje opboud.

Net iens mei it foarnimmen?

Hawwe jo betinkingen tsjin de (foarnommen) ferhier, dan moatte jo binnen 20 kalinderdagen nei de datum fan dizze publikaasje (5 april 2024) in koart pleit oan ’e oarder stelle by de foarsjenningerjochter fan de rjochtbank Noard-Nederlân.

Fragen?

Ful it ‘Reaksjeformulier Grûn en Fêstgoed’ yn. It publikaasjenûmer is: 2024-077979.