Fluch oan:

Wêr binne WhatsApp-groepen aktyf?

Fia de website fan WhatsApp Buurtpreventie kinne jo neigean oft der by jo yn de buert al in WhatsApp-groep aktyf is. Mocht der noch gjin WhatsApp-groep aktyf wêze, dan is it mooglik dat jo hjir it inisjatyf ta nimme. Yn it dokumint WhatsApp-groep (PDF, 914,03 KB fine jo alle ynformaasje. Foar alle technyske fragen ferwize wy jo nei de website fan WhatsApp.

WhatsApp Buertprevinsje-buorden

Yn guon wiken binne der yn de iepenbiere romte WhatsApp Buertprevinsje-buorden ophongen. Wolle jo dat ek? Nim dan kontakt op mei it wykpanel, sadat sy dizze fersiken bondelje kinne. Jo tsjinje in fersyk yn fia it e-mailadres gemeente@leeuwarden.nl.

It fersyk moat oan de folgjende betingsten foldwaan:

  • It fersyk wurdt yntsjinne foar de hiele wyk.
  • By it fersyk wurdt in kaart fan de wyk oanlevere dêr’t de buorden op yntekene binne.
  • De buorden by de ynfalsdiken fan de wyk steane yntekene.
  • Op de buorden wurdt oanjûn wêr’t minsken har oanmelde kinne foar de WhatsApp-groep.
  • De WhatsApp Buertprevinsje-buorden wurde troch jo sels betelle.

De WhatsApp-buorden bestelle en pleatse

As jo oan de betingsten foldogge, jout de gemeente in priisopjefte. As jo hjirmei akkoart geane, bestelt de gemeente de buorden sadat der safolle mooglik deselde buorden brûkt wurde. De bekendheid fan WhatsApp-groepen wurdt op dizze wize fergrutte. De gemeente nimt kontakt mei jo op om de buorden op in bepaald stuit te pleatsen en stjoert jo dêrnei de faktuer ta dy’t jo betelje moatte.