Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje

Download it formulier Oanmelding duorsumensliening (iepenet yn in nij ljepblêd) en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Check earst ek oare lieningen

Check fóár’t jo de duorsumensliening oanfreegje de betingsten fan lienen by it Waarmtefûns en de Fersulverliening fan de gemeente.

Waarmtefûns

Foar wenningeigeners mei in sammelynkommen fan minder as € 60.000 kin de Enerzjybesparliening fia it Waarmtefûns oantrekliker wêze as de Duorsumensliening. De Enerzjybesparliening fan it Waarmtefûns rekkenet foar dy doelgroep nammentlik in rinte fan 0%. Mear ynformaasje fine jo op de website fan it Waarntefûns (iepenet yn in nij ljepblêd).

Fersulverliening

Is jo wenning mear wurdich as jo hypoteek? Binne jo minstens 57 jier âld? Wolle jo feilich en komfortabel wenjen bliuwe of jo wenning ferduorsumje sûnder hegere moannelêsten? Kontrolearje dan de betingsten fan de fersulverliening. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Fersulverliening.

Easken en betingsten duorsumensliening

  • Jo kinne minimaal € 2.500,- liene oant in maksimum fan € 7.499,-
  • Jo betelje de liening binnen 120 oant 180 moannen ôf.
  • Eigeners dy’t yn de wenning wenje kinne de duorsumensliening oanfreegje.
  • Ferhierders en hierders kinne de liening net oanfreegje.
  • De oanfreger moat minimaal 18 jier wêze. Der is gjin maksimum âldensgrins.
  • De liening is net geskikt foar thúsbatterijen. Jildt allinnich foar de maatregels op it oanfraachformulier.

Wat bart der nei jo oanmelding?

Jo krije binnen in pear dagen in reaksje fan de gemeente. Wy beoardielje oft jo oan de easken en betingsten foldogge. Foldogge jo oan de easken en betingsten, dan ûntfange jo in oanfraachformulier. Dit oanfraachformulier tsjinje jo yn by it Stimulearringsfûns Folkshúsfesting (SVn).

Hoe lang duorret in oanfraach by it SVn?

Ungefear 5 oant 10 wurkdagen.

Mear ynformaasje of fragen

Mear ynformaasje oer de Duorsumensliening fine jo op de webside fan it Stimulearringsfûns Folkshúsfesting (iepenet yn in nij ljepblêd).
Foar fragen nimmej jo kontakt op mei de gemeente Ljouwert.