Erkennen bern fóár de berte
As jo partner swier is en jo binne net troud of registrearre as partners, kinne jo it bern al fóár de berte erkenne. Dat hjit ‘erkenning net-berne bern’. Hjirtroch wurde jo de wetlike heit of duomem, sels as jo net de biologyske âlder binne. Jo meitsje hjirfoar in ôfspraak
Wat nimme jo mei nei it gemeentehûs?
Erkennen earste bern
- Beide âlden komme tegearre nei de ôfspraak. Nim jo legitimaasjebewiis mei.
Erkennen twadde of folgjende bern
- De mem hoecht net mei te kommen as de heit of duomem al in bern út deselde relaasje erkend hat. De mem jout Digitaal tastimming erkenning troch. Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan? Download it formulier Skriftlike tastimming erkenning en folje dat yn. Nim ek in kopy fan it legitimaasjebewiis fan de mem mei.
Betingsten erkenning
- Stiet de mem net yn Nederlân ynskreaun? Dan moat sy bewize dat sy net troud is. Dat kin mei in ferklearring fan net-troud wêzen.
- Jo moatte minimaal 16 jier wêze om in bern erkenne te kinnen.
Wat is wichtich om te witten?
As jo it bern fóár de berte erkenne, dan:
- Krijt it bern by de berte de Nederlânske nasjonaliteit, as ien of beide âlden Nederlanner binne.
- Krijt de heit of duomem in (dielde) finansjele ferantwurdlikheid foar it bern.
- Untstiet der in erfjochtlike bân tusken de heit of duomem en it bern.
- Hat it bern fuortdaliks by de berte twa juridyske âlden. De heit of duomem stiet fuortdaliks as âlder op de berte-akte.
Alderlik gesach oanfreegje
Op 1 jannewaris 2023 feroarje de regels oer gesach. Ek âlden dy’t net troud binne, of gjin registrearre partnerskip hawwe, krije mienskiplik gesach troch in erkenning nei 1 jannewaris 2023.
Hawwe jo foar 1 jannewaris 2023 in bern erkend? Dan jilde de ‘âlde’ regels.
Wolle jo witte hokker situaasje der foar jo jildt? Besjoch it skema Gesach troch erkenning.
- Jo krije net automatysk it âlderlik gesach oer it bern as jo it bern foar de berte erkend hawwe.
- It âlderlik gesach freegje jo oan by de rjochter. Op de website fan de ryksoerheid stiet mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan it âlderlik gesach.
Nammekar earste bern
- Erkenne jo it bern foar de berte? En is dit it earste bern fan jo en jo partner? Dan kinne jo derfoar kieze dat it bern de efternamme fan de heit, de (duo)mem of in dûbele efternamme krijt. Dat dogge jo by de erkenning. Beide partners tekenje dêrfoar persoanlik de akte fan erkenning fan it net-berne bern op it gemeentehûs.
- Dogge jo dat net? Dan krijt it bern automatysk de efternamme fan de mem. De folgjende bern krije automatysk deselde efternamme as it earste bern.
Kosten
It erkennen fan in bern is fergees.