Beswier meitsje tsjin gemeentlike belestingen
Binne jo it net iens mei jo oanslach? Bygelyks de WOZ-wearde, Unreplikesaakbelesting (OZB), Rioelheffing (RIO) of Offalstoffeheffing (AFV), hûnebelesting, parkearbelesting, prekariobelesting of (wetter)toeristebelesting? Jo kinne maklik sels digitaal beswier meitsje. Doch dit binnen seis wiken nei de datum dy’t op de oanslach stiet.
Hoe meitsje jo beswier?
WOZ-wearde, OZB, Rioelheffing, Offalstoffeheffing, Hûnebelesting, Prekario (wenskippen)
Meitsje beswier fia de Digitale Belestingbaalje. Jo hawwe in DigiD nedich.
Parkearbelesting, Prekario (gebrûk fan de wei), Begraafrjochten, Toeristebelesting, Wettertoeristebelesting
Meitsje beswier fia it formulier Beswier gemeentlike belestingen. Tsjin de hichte fan it taryf fan de rioelheffing en ôffalstoffeheffing kinne jo gjin beswier meitsje.
Beswier meitsje fia no-cure no-pay bedriuwen is net fergees.
In soad bedriuwen biede oan ‘fergees’ beswier te meitsjen tsjin de WOZ-wearde. Dat wurdt ‘no-cure no-pay’ neamd.
In beswier yntsjinje fia in no-cure no-pay bedriuw is net écht fergees.
As in beswierskirft kloppet en in bedriuw hat foar jo beswier makke, dan moat de gemeente in kostefergoeding betelje oan dat bediuw. Op dy manier fertsjinnet it no-cure no-pay bedriuw in soad jild oan de gemeente.
Uteinlik betelje jo dêr ek oan mei.
De gemeente moat dy kostefergoeding foar de no-cure no-pay bedriuwen ergens fan betelje. Wy moatte dan de belestingtariven ferheegje.
Moatte jo de oanslach wol of net earst betelje?
De oanslach ûnreplikesaakbelesting (OZB) moatte jo wol earst betelje.
De parkearboete (neiheffingsoanslach) hoege jo net te beteljen, oant der in beslissing nommen is.
Stiet der ‘oankundiging fan beskikking’ op jo neiheffingsoanslach? Wachtsje oant jo in akseptgiro ûntfange fan it Centraal Justitieel Incasso Buereau (CJIB). Op de akseptgiro stiet hoe’t jo beswier yntsjinje kinne. Dat stiet ek op de boete sels.
Wannear krije jo antwurd op jo beswier?
Op syn lêst 31 desimber fan it jier dat jo beswier makke hawwe.
Meitsje jo nei 19 novimber beswier? Dan krije jo binnen seis wike antwurd.