Fluch oan:

Wêrom dogge wy dit

Doel fan de útwreiding fan de sporthal is:

  1. Romte te biede oan de fuortset ûnderwiis skoallen foar it bewegingsûnderwiis.
  2. Romte te bieden oan de sportferieningen foar indoor trainingen en wedstriden.

Proses oant no ta

Yn desimber 2025 hat de gemeenteried budzjet beskikber steld foar it projekt.

Yn it earste kwartaal fan 2026 binne brûkers fan Sportpark Nijlân, brûkers fan de besteande hal en it wykpanel op ’e hichte steld fan it foarnimmen ta útwreiding fan de sporthal.

Yn it tredde en fjirde kwartaal fan 2026 wurde de stedeboukundige rânebetingsten en de winsken en easken fanút it ûnderwiis en sport yn kaart brocht. Ek wurdt ûndersocht hoefolle romte de ferskillende funksjes nedich hawwe en hoe’t dy binnen de beskikbere kavel ynpast wurde kinne.

Planning

  • 2026 Q4: definityf Programma fan Easken.
  • 2027 Q1 + Q2 : Europeeske oanbesteging UAV-GC.
  • 2027 Q3 + Q4: ûntwerpe, fergunningen oanfreegje.
  • 2028 Q1 -Q3: wurktarieding en bou.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.