Ljouwert siket in nije boargemaster
De syktocht nei in nije boargemaster bestiet út 14 stappen. Wy lizze út hoe’t dat wurket en hâlde jo op ’e hichte by hokker stap wy binne. Nije ynformaasje fine jo op dizze pagina. Wy binne no by stap 2.
1. Fertrouwenskommisje
De gemeenteried kiest in fertrouwenskommisje. Dizze kommisje besiet út leden fan de gemeenteried. De fertrouwenskommisje:
- helpt by it meitsjen fan it profyl foar de nije boargemaster;
- fiert de petearen mei de kandidaten;
- jout úteindelik advys oer wa’t de nije boargemaster wurde moat.
2. Profyl
De gemeenteried makket in profyl foar de nije boargemaster. Dêryn stiet wat de gemeente belangryk fynt. Bygelyks hoe’t de boargemaster liedingjout, kommunisearret en beslissingen nimt.
Ynwenners koene fia in enkête witte litte wat sy belangryk fine foar de nije boargemaster. De útkomsten fan de enkête wurde brûkt by it meitsjen fan it profyl.
3. Kommissaris fan de Kening
De ekstra riedsgearkomste sil wêze op 2 novimber. Jo kinne de gearkomste live folgje fia de livestream (iepenet yn in nij ljepblêd).
4. Fakatuere
De minister fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) makket de fakatuere bekend. Dat bart op advys fan de kommissaris fan de Kening. De fakatuere wurdt op 10 novimber iepensteld.
5. Sollisitaasje
De sollisitant skriuwt in brief. De brieven wurde stjoerd oan de kommissaris fan de Kening.
6. De kandidaten
De kommissaris fan de Kening sammelet ynformaasje oer de sollisitanten en fiert petearen mei har. Ek freget hy ynformaasje op oer har justisjele ferline.
7. Seleksje
De kommissaris fan de Kening besprekt de sollisitanten mei de fertrouwenskommisje. Hy fertelt wat hy fan de kandidaten fynt. Dêrnei bepaalt de fertrouwenskommisje mei hokker kandidaten se petearen fiere sille.
8. Sollisitaasjepetearen
De fertrouwenskommisje fiert sollisitaasjepetearen mei alle selektearre kandidaten.
9. Advys
De fertrouwenskommisje jout advys oan de gemeenteried. De kommisje kiest twa kandidaten dy’t neffens har geskikt binne om boargemaster te wurden. De gemeenteried besprekt dit advys.
10. Oanrekommandaasje
De gemeenteried makket de definitive oanrekommandaasje. Dêr stean de nammen fan de twa bêste kandidaten op. De kandidaat dy’t op nûmer 1 stiet, is neffens de gemeenteried de bêste kandidaat foar de funksje fan boargemaster.
11. Nei de minister
De oanbefelling wurdt mei it advys fan de kommissaris fan de Kening nei de minister fan Binnelânske Saken en Keninkryksrelaasjes stjoerd.
12. Screening
De minister fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes lit de kandidaat dy’t op nûmer 1 stiet screene. Dat betsjut dat der ûndersyk dien wurdt nei de kandidaat. De AIVD docht ûndersyk en der wurdt ek sjoen nei de finansjele en fiskale gegevens fan de kandidaat.
Dêrnei sprekt de minister mei de kandidaat. De minister besprekt de foardracht ek mei de oare ministers yn de ministerried.
As alles yn oarder is, wurdt kandidaat foardroegen oan de Kening. De Kening beneamt de nije boargemaster offisjeel mei in Keninklik Beslút.
13. Keninklik beslút
Beneaming bart by Keninklik beslút en wurdt bekendmakke mei in parseberjocht. De trochrintiid fan de proseduere is ûngefear 8 moannen.
14. Beëdigjen
De ynstallaasje fan de nije boargemaster sil wêze yn in bysûndere riedsgearkomste. De kommissaris fan de Kening beëdiget de boargemaster foar de gemeenteried.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: