Oerbringingsfergunning
Yn Nederlân brûke bedriuwen en partikulieren soms los krûd. Dat falt ûnder de Wet eksplosiven foar sivyl gebrûk (Wecg). Foar ferfier is in oerbringingsfergunning nedich by de gemeente dêr’t it krûd opslein wurdt. Om dy oan te freegjen, moatte jo in Wecg-erkenning fan de plysje hawwe.
Ynrjochtsjen proses
De gemeente Ljouwert is noch dwaande it proses foar dizze oanfraach yn te rjochtsjen. Wannear’t it mooglik is om de fergunning oan te freegjen, dan kin dat fia dizze pagina.
Wecg-erkenning
Om de oerbringingsfergunning oanfreegje te kinnen moatte jo yn it besit wêze fan in Wecg-erkenning fan de plysje, dêr’t út bliken docht dat jo de eksplosiven ferfiere meie. Hawwe jo dy net? Freegje de Wecg-erkenning oan fai de webside fan de plysje (iepenet yn in nij ljepblêd).
Betingsten
De fergunning moat oanfrege wurde troch dyjinge dy’t de eksplosiven opslacht.
Wat hawwe wy fan jo noadich
Wy hawwe de folgjende ynformaasje fan jo noadich:
- namme en adres:
- de ferkeaper;
- de ûntfanger;
- dejinge foar wa’t de eksplosiven bedoeld binne.
- wêr’t jo de eksplosiven foar brûke sile;
- de hoemannichte fan de eksplosiven;
- in beskriuwing en it identifikaasjenûmer fan de eksplosiven;
- ynformaasje oer it yn hannel bringen fan de eksplosiven (wannear’t dat it gefal is);
- ynformaasje oer it ferfier fan de eksplosiven en de plande rûte;
- plande datum fan fertrek en oankomst;
- Wecg-erkenning.
Behanneling fan de oanfraach
Wy sjogge earst oft wy de oanfraach yn behanneling nimme meie. Dêrnei sjogge wy oft alle ynformaasje folslein is en der foldien wurdt oan de Wet eksplosiven foar sivyl gebrûk.
De behanneltiid fan de oanfraach is yn prinsipe 8 wiken. Yn guon gefallen kin de plysje ekstra befeiligingseasken advisearje yn ferbân mei de iepenbiere oarder en feiligens. As dat it gefal is, dan jildt de wiidweidige proseduere. Dat duorret langer as 8 wiken.
Yn ferbân mei de feiligens publisearje wy gjin oerbringingsfergunningen.
Kosten
Wet- en regeljouwing
De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd):
- Wet eksplosiven foar sivyl gebrûk.
- Regeling oanfraach erkenning en ûnkostefergoeding goedkarring Wet eksplosiven foar sivyl gebrûk.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: