Kandidaatstelling politike partijen
Moandei 1 febrewaris 2027 is de dei fan de kandidaatstelling. Partijen dy’t meidwaan wolle oan de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten moatte op dy dei tusken 09.00 en 17.00 oere de noadige formulieren ynleverje by it gemeentehûs.
Wy wurkje op ôfspraak. Nim hjirfoar kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wat leverje jo yn?
De formulieren dy’t jo op 1 febrewaris 2027 ynleverje moatte binne wetlik ferplicht.
Jo kinne alle formulieren dy’t jo noadich hawwe printsje mei de software OSV. Jo kinne dizze software fan 14 desimber 2026 ôf gratis downloade fia de website fan de Kiesried (iepenet yn in nij ljepblêd).
Foar partijen dy’t meidwaan wolle oan de ferkiezingen is fanôf heal desimber in hantlieding, ynlevermap en in USB-stick beskikber.
Hawwe jo dy noch net? Nim dan kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Boarchsom
Partijen sûnder sit yn Provinsjale Steaten fan Fryslân moatte in boarchsom fan € 1.125,- betelje om meidwaan te kinnen oan de ferkiezingen.
De boarchsom moat uterlik moandei 18 jannewaris 2027 op de rekkening fan de gemeente Ljouwert stean. Yn de hantlieding fine jo mear ynformaasje hjiroer.
Hellet jo partij by de ferkiezingen minimaal 75% fan de kiesdieler? Dan krije jo de boarchsom werom.
Stipeferklearringen
Jo kinne fan 18 jannewaris oant en mei 1 febrewaris 2027in stipeferklearring ôflizze. Dat kin ûnder de iepeningstiden yn it gemeentehûs.
Jo meie gjin minsken werve foar in stipeferklearring yn it gemeentehûs of binnen 10 meter fan de yngong fan it gemeentehûs.
Undersyk kandidatelisten
Op tiisdei 2 febrewaris 2027 om 16.00 oere kontrolearret it Sintraal Stimburo (CSB) de kandidatelisten.
Untbrekke der dokuminten of gegevens? Dan krijt de partij dêr fuortdaliks berjocht oer.
De ûntbrekkende dokuminten of gegevens kinne op woansdei 3 en tongersdei 4 febrewaris 2027 tusken 09.00 en 17.00 oanfolle of oanpast wurde.
Beslissing en listnûmering
Op freed 5 febrewaris 2027 om 17.00 oere beslist it Sintraal Stimburo (CSB) oft de kandidatelisten jildich binne. Dêrnei wurde listnûmers bepaald.
Dat bart yn in iepenbiere sitting yn it stedhûs oan it Hofplein 38, yn Ljouwert.
Gean nei de website fan de Kiesried (iepenet yn in nij ljepblêd). Ek as jo fragen hawwe oer it gebrûk fan de software.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: