Nije Omjouwingsfyzje
De wrâld om ús hinne feroaret. Wy hawwe nije wenningen nedich, skjinne enerzjy, romte foar grien, in sûne leefomjouwing en mear. Mar de romte is beheind, dus net alles kin. Mei de nije Omjouwingsfyzje meitsje wy karren foar de takomst fan ús gemeente. Want Ljouwert groeit, beweecht, feroaret. Ljouwert fan moarn: wat sjogge jo?
Wat is de Omjouwingsfyzje
De Omjouwingsfyzje is it takomstplan foar alles dat jo om jo hinne sjogge: fan wenjen oant ferkear en fan boartsjen oant ûndernimmen. De gemeente set it dokumint yn as helpmiddel by it meitsjen fan goede karren. Want wat dogge wy as der mear minsken in wenning nedich hawwe as dat der besikber binne? Wy romte nedich hawwe foar skjinne enerzjy én wy tagelyk mear grien hawwe wolle? Yn de Omjouwingsfyzje lizze wy fêst hoe’t wy de beheinde romte yn de stêd, doarpen en it bûtengebiet brûke. No en yn de takomst.
Wêrom in nije fyzje
Us aktuele Omjouwintsfyzje is in pear jier âld. Mei de tiid feroarje de omjouwing en de ferletten, en gauris komme der nije regels by. Wy hawwe te krijen mei grutte fraachstikken lykas wenningbou, klimaat, enerzjy, natuer en it ferbetterjen fan wiken en doarpen.
De âlde fyzje slút net mear goed oan by dizze ûntwikkelingen. Dêrom meitsje wy in nije Omjouwingsfyzje: in takomstplan dat past by de útdagings fan no én dat rjochting jout oan karren dy’t wy meitsje oant 2050.
Wolle jo mear witte oer it hjoeddeistige belied en de plannen? Gean nei de side Omjouwingsfyzje.
Hoe kinne jo meitinke
Wy wolle mear wenningen, grien, duorsume enerzjy en noflike plakken om te libjen. Mar de romte yn ús gemeente is beheind. Dêrom meitsje wy in nije Omjouwingsfyzje. Dêr stiet yn hoe’t wy de romte brûke sille. Tinke jo mei oer de takomst fan jo stêd, doarp of buert?
Kom nei in Omjouwingskafee en praat mei. Jo kinne jo hjirfoar oanmelde.
- 23 april: 19.30 – 21.30 oere, lokaasje Het Mozaïek, Dropingsstrjitte 14 Ljouwert.
Mei-elkoar meitsje wy de gemeente griener. (iepenet yn in nij ljepblêd)
Hoe meitsje wy yn Ljouwert romte foar natuer, enerzjy en fiedsel?
- 21 maaie: 19.30 – 21.30 oere, lokaasje Het Mozaïek, Dropingsstrjitte 14 Ljouwert.
Ljouwert: hoe libje wy der lang en lokkich? (iepenet yn in nij ljepblêd)
Mei-elkoar tinke wy nei oer wenjen, bewegen, moetsjen en soarch.
- Op 21 april fan 14:00–17:00 oere binne wy op de tiisdeismerk yn Stiens. Jo kinne hjir sûnder ôfspraak lânskomme.
Ferfolch
Yn febrewaris koe elkenien in fragelist ynfolje. Wy hawwe in soad reaksjes krigen. Tank oan elkenien dy’t meidien hat. Wy diele de útkomsten meikoarten op dizze side. No gean wy in stap fierder. Op de Omjouwingskafees prate wy mei jo oer wat belangryk is yn jo omjouwing en hokker karren wy meitsje
Meitinke as spesjalist of partner
Neist ynwenners nûgje wy ek ûndernimmers, organisaasjes, saakkundigen en partners út om mei te tinken oer ûnderwerpen dy’t belangryk binne foar de Omjouwingsfyzje. Dat dogge wy yn spesifike temasesjes. Hawwe jo gjin útnûging ûntfongen, mar wolle jo wol meitinke? Stjoer in e-mail nei omgevingsvisie@leeuwarden.nl.
De planning
- Febrewaris oant en mei maaie: yn petear oer de Omjouwingsfyzje.
- Neijier 2026: publisearjen ûntwerp-Omjouwingsfyzje mei romte foar reaksje.
- Begjin 2027: fêststellen nije Omjouwingsfyzje troch de gemeenteried.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: