Hoe gean wy om mei jo persoansgegevens
Wy brûke jo persoansgegevens allinnich as dat mei en nedich is. Bygelyks foar in taak dy’t yn in wet stiet, as wy in oerienkomst mei jo ôfslute of om’t jo tastimming jouwe jo persoansgegevens te ferwurkjen foar in bepaald doel.
Soarchfâldich en feilich omgean mei persoansgegevens
Wy brûke jo persoansgegevens allinnich foar it doel dêr’t se foar sammele binne. Soms brûke wy jo gegevens ek foar wat oars. Dit mei allinnich as it past by it oarspronkelijke doel en dit gjin neidielige gefolgen foar jo hat. Bygelyks as jo in útkearing oanfreegje, dan kinne wy jo aktyf ynformearje oer it oanfreegjen fan frijskatting of oare regelingen foar as jo in leech ynkommen hawwe. Ek kinne wy gegevens brûke om te ûndersykjen oft ús belied goed wurket. Wy nimme gjin beslissingen sûnder dat in meiwurker hjirby belutsen is.
Wy gean goed en feilich om mei jo persoansgegevens. It beskermjen fan dizze gegevens is regele yn ferskillende wetten. Wy moatte ús hâlde oan de Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming (AVG) en de Utfieringswet AVG (UAVG). Soms jildt ek de Wet plysjegegevens (Wpg). Dêrneist stean der yn oare wetten regels oer hoe’t wy jo persoansgegevens brûke meie. Bygelyks:
- De Jeugdwet (JW) foar gegevens oer jeugdhelp;
- de Wet maatskiplike ûndersteuning (Wmo) foar gegevens oer help en soarch;
- de Wet Basisregistraasje Persoanen (Wet BRP) foar gegevens oer ynwenners.
Hokker gegevens ferwurkje wy
Wy hâlde in list by fan alle manieren dêr’t persoansgegevens op brûkt wurde. Wolle jo witte:
- hokker persoansgegevens wy bewarje;
- wat wy mei jo gegevens dogge;
- wêr’t wy jo gegevens weihelje;
- hoe lang’t wy jo gegevens bewarje.
Gean nei it Register fan ferwurkingen. As der wat feroaret, passe wy it register oan.
Wêr komme jo persoansgegevens wei
Hawwe jo help nedich fan de gemeente? Of freegje jo wat oan? Dan moatte jo meastal persoansgegevens trochjaan. Dit dogge jo faak sels. Bygelyks as jo in oanfraachformulier ynfolje foar in fergunning of in identiteitsbewiis oanfreegje wolle.
Wy wurkje gear mei oare organisaasjes. Soms krije wy jo gegevens fan har, of jouw wy jo gegevens troch.
Wy kinne jo ek help oanbiede. Bygelyks:
- by skulden;
- by neisoarch foar (eks-)detinearren;
- by minsken dy’t sels gjin help freegje, mar dy wol nedich hawwe;
- by meldpunten, lykas foar bernemishanneling of oerlêst. Dit is regele yn de wet. Wy moatte dizze meldingen ûndersykje. Soms nimme wy kontakt mei jo op.
Gearwurkje mei oare organisaasjes
Om ús wurk goed te dwaan wurkje wy gear mei ferskillende organisaasjes. Soms binne wy dat ferplichte. It is faak nedich om jou persoansgegevens te jaan oan oare organisaasjes, of wy ûntfange jo gegevens. Bygelyks fan:
- soarchoanbieders
- ferwizers (lykas in húsdokter)
- skuldhelpferlieners
- organisaasjes dy’t út namme fan de gemeente taken útfiere (lykas Amaryllis)
- oare gemeenten
- gerjochtsdoarwarder
- Belestingtsjinst
- Sintraal Administraasje Kantoar (CAK)
- Sosjale Fersekeringsbank (SVB)
- It Utfieringsynstitút Wurknimmersfersekeringen (UWV)
- plysje
- soarchfersekerder
- enerzjymaatskippij
- wenningkorporaasje
Wannear’t wy ynformaasje krije en fan wa, ferskilt per situaasje.
Ofspraken oer it beskermjen fan jo privacy
Mei alle organisaasjes dêr’t wy mei gearwurkje, binne goede ôfspraken makke oer it beskermjen fan jo privacy. Dy ôfspraken stean yn in wet of yn in oeriekomst dy’t wy ôfsletten hawwe. Ek mei de leveransiers fan ús systemen hawwe wy ôfspraken makke. Wy jouwe gjin persoansgegevens troch oan lannen dêr’t de AVG net jildt of dêr’t net fan fêststeld is dat sy jo persoansgegevens goed beskermje.
Befeiligingsmaatregels
Wy ferwurkje in soad persoansgegevens. It is wichtich dat wy dêr soarchfâldich en feilich mei omgean. Wy nimme ferskillende maatregels om jo persoansgegevens goed te befeiligjen. Dizze maatregels stean yn lanlike regels dy’t jilde foar de oerheid: de Baseline Informatiebeveiliging Overheid. Bygelyks:
- It ferstjoeren fan gegevens fia in befeilige ferbining as jo gebrûkmeitsje fan in online formulier dat op ús webside stiet.
- It bepalen wa’t út hokker funksje wei tagong ta beskate gegevens hawwe mei.
- It oplizzen fan in geheimhâldingsplicht oan meiwurkers en it ynleverjen fan in Ferklearring omtrint it Gedrach (VOG) by yntsjinstgean.
- It organisearjen fan trainingen foar meiwurkers, ûnder mear oer feilich wurkjen en hoe om te gean mei persoansgegevens.
Bewartermyn
Wy moatte ús hâlde oan regels oer it bewarjen en ferneatigjen fan ynformaasje. Dy regels stean yn de Argyfwet en binne útwurke yn in aparte list. Yn dizze list stiet presys hoe lang’t wy ferskillende soarten ynformaasje bewarje moatte en wannear’t wy dy ferneatigje moatte. In part fan de ynformaasje meie wy net ferneatigje mar moatte wy foar altyd bewarje.
Mear ynformaasje
Gean nei de pagina Privacyferklearring.