Fluch oan:

Wenningoanbod en beskikberheid

It plan befettet yn totaal 58 keapwenningen. Der likegoed betelbere as djoerdere wenningen. It oanbod bestiet út frijsteande wenningen, 2-ûnder-1-kapwenningen, rychjes- en hoekwenningen en rêch-oan-rêchwenningen. Der is rekkening holden mei libbensrinbestindich wenjen. It gebiet is wetterryk. In soad frijsteande wenningen en 2-ûnder-1-kapwenningen lizze oan farwetter. Alle wenningen wurde ûntwikkele en ferkocht troch Harns Invest Ontwikkeling III B.V.. Gean foar mear ynformaasje nei de webside fan Harns Invest (iepenet yn in nij ljepblêd).

Bestimmingsplan en byldkwaliteitsplan

It ûntwerp bestimmingsplan en it byldkwaliteitsplan leine fan 21 desimber 2023 oant en mei 1 febrewaris 2024 op ynsjen. Op grûn fan de sjenswizen is it plan op in pear puntenl oanpast. It kolleezje hat it oanpaste plan op 3 juny 2025 foarlein oan de gemeenteried. De gemeenteried hat op 9 july 2025 ynstimd. Yn oktober 2025 is it bestimmingsplan definityf wurden en de omjouwingsfergunning ferliend.

Fragen

Fragen oer de beskikberheid fan wenningen

Gean nei de webside fan Harns Invest Ontwikkeling B.V. (iepenet yn in nij ljepblêd)

Fragen oan de gemeente Ljouwert

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.