Registraasje partijnammen politike partijen
Politike partijen dy’t net by de gemeente, provinsje of lanlik registrearre stean, kinne in namme registrearje by it sintraal stimburo. Mei de registrearre namme kin in partij meidwaan oan de ferkiezings. As in partij gjin namme registrearret dan kin de partij meidwaan mei de ferkiezings sûnder namme. De partij docht dan mei mei allinnich in listnûmer.
Wolle jo meidwaan
Op 17 maart 2027 binne de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten en Wetterskippen.
Wol jo partij meidwaan oan de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten?
Jou dan jo kontaktgegevens troch oan de ôfdieling Ferkiezingen fia verkiezingen@leeuwarden.nl.
Jou de folgjende gegevens troch:
- namme fan de parti;
- namme fan de kontaktpersoan;
- telefoannûmer;
- e-mailadres.
Wy brûke dy gegevens om jo te ynformearjen oer de ferkiezingen. Bygelyks oer de kandidaatstelling en de ferkiezingsbuorden.
Partijnamme registrearje
Jo kinne it hiele jier troch in partijnamme registrearje. Wy advisearje jo om earst in ôfspraak te meitsjen mei de ôfdieling Ferkiezings.
Wêr’t jo de partijnamme registrearje, hinget ôf fan de ferkiezing:
- Provinsjale Steaten fan Fryslân: by de gemeente Ljouwert.
- Gemeenteried fan Ljouwert: by de gemeente Ljouwert.
- Twadde Keamer: by de Kiesried (iepenet yn in nij ljepblêd).
- Wetterskip: by it Wetterskip Fryslân (iepenet yn in nij ljepblêd).
Registraasjefersyk
Wolle jo in namme registrearje foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten 2027? It registraasjeformulier kinne jo downloade fia de webside fan de Rijksoverheid (iepenet yn in nij ljepblêd).
Leverje it fersyk uterlik op 21 desimber 2026 yn by it gemeentehûs. It feryk moat op dy datum troch de gemeente ûntfongen wêze.
De hantlieding ‘Registraasje partijnamme’ fine jo op de webside fan de Kiesraad. (iepenet yn in nij ljepblêd)
Kosten
Foar de registraasje betelje jo in boarchsom. De boarchsom is € 225,- foar de ferkiezingen fan Provinsjale Steaten en € 112,50 foar de gemeenteriedsferkiezingen.
Yn de hantlieding stiet hoe’t jo de boarchsom betelje kinne. Wolle jo de hantlieding oanfreegje? Nim dan kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Partijnammen
Op de pagina Registers partijnammen fine jo in oersjoch fan de partijnammen fan de gemeente Ljouwert en Provinsjale Steaten fan Fryslân.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: