Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje

In digitale oanfraach wurdt flugger ferwurke as in skriftlike oanfraach.

Wolle jo dochs graach skriftlik oanfreegje? Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling ferduorsuming hierwenningen Ljouwert East (iepenet yn in nij ljepblêd) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wêrfoar kinne jo subsydzje krije

  • gevelisolaasje;
  • spoumuorre-isolaasje;
  • dakisolaasje, solder- of flieringisolaasje;
  • flierisolaasje of boaiemisolaasje;
  • HR++ glês of HR+++ (triple)glês, in isolearre kezynpaniel of in isolearre doar mei kezyn. Keapje jo ruten mei nije kezinen mei HR++ glês of HR +++ (triple)glês? Dan krije jo € 300,00 subsydzje per m² glês;
  • enerzjysunige fentilaasjemaatregel (allinnich yn kombinaasje mei in oare maatregel).

Foar dizze subsydzje hawwe jo in isolaasjeplan nedich. Jo kinne subsydzje krije foar de earste twa isolaasjemaatregels fan de hierwenning dy’t yn dit isolaasjeplan stean. Is der nei it útfieren fan de earste 2 maatregels noch jild beskikber? Dan meie jo ek subsydzje oanfreegje foar oare isolaasjemaatregels út it isolaasjeplan. Foar it isolaasjeplan gean jo nei de webside Leeuwarden helpt verduurzamen (iepenet yn in nij ljepblêd).

Betingsten subsydzje

  • De ferhierde wenning leit yn 1 fan de folgjende wiken:
    • Bilgaard: de postkoade begjint mei 8918.
    • Ald-East: de postkoade begjint mei 8921 of 8922.
    • Frijheidswyk: de postkoade begjint mei 8923.
    • Heechterp en Skieringen: de postkoade begjint mei 8924.
  • De WOZ-wearde fan de ferhierde wenning is € 170.000,- of leger (peildatum 1-1-2020).  Kontrolearje de WOZ-wearde fan de wenning op de webside WOZ-waardeloket (iepenet yn in nij ljepblêd).
  • As de wenning ûnderdiel is fan in rychje fan op syn minst 3 wenningen, kin de WOZ-wearde soms maksimaal € 190.000,- wêze op peildatum 1-1-2020. Minstens de helte fan de wenningen yn it rychje moat in WOZ-wearde hawwe fan minder as € 170.000 (per 1-1-2020). Ek moatte alle wenningen yn it rychje dizze subsydzje oanfreegje en krije. Nim yn dat gefal kontakt op mei de gemeente oer de regels.
  • It enerzjylabel fan de ferhierde wenning is C/D/E/F of G. Of de ferhierde wenning hat gjin enerzjylabel. Hat de wenning enerzjylabel A of B? Dan komt dizze wenning net foar dizze subsydzje yn oanmerking. Kontrolearje it enerzjylabel op de webside EP-online (iepenet yn in nij ljepblêd).
  • Jo litte de maatregels útfiere neffens it ferplichte isolaasjeplan.
  • Jo fiere minimaal 2 maatregels út it ferplichte isolaasjeplan út. Dit moatte de 2 maatregels wêze dy’t as earste neamd wurde. Is der nei it útfieren fan de earste 2 maatregels noch jild beskikber? Dan meie jo ek subsydzje oanfreegje foar oare isolaasjemaatregels út it isolaasjeplan.
  • Jo litte de maatregels útfiere troch in bedriuw (gjin Doch-It-Sels). Jo wurkje net sels by dit bedriuw en/of jo binne gjin (mei-)eigener fan dit bedriuw.
  • Der is noch net earder gebrûkmakke fan dizze subsydzje of de subsydzjepilot ferduorsuming Ljouwert East foar dizze wenning. Dit jildt ek as in eardere bewenner al gebrûk makke hat fan dizze subsydzje.
  • It moat gean om in grûnbûne wenning. In grûnbûne wenning is in type wenning dat direkt op de grûn stiet. It hat meastal in eigen tún of bûtenromte. It mei net gean om in appartemint of in boppewenning.
  • Jo leverje in ynfulde en ûndertekene de minimis-ferklearring yn by jo oanfraach, dizze kinne jo fine op de webside fan Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (iepenet yn in nij ljepblêd).
  • Yn gefal fan in pân mei in monumintstatus leverje jo de nedige omjouwingsfergunning foar it útfieren fan dizze maatregel(s) oan it monumint yn.
  • Meitsje foto’s tidens en nei it oanbringen fan de maatregels. Dy binne nedich foar it opstellen fan it nije enerzjylabel.

Betingsten isolaasje

Wy wolle bisten beskermje dy’t yn huzen wenje kinne, lykas flearmûzen. Derôm jilde der betingsten foar dakisolaasje fan bûtenôf en spoumuorre-isolaasje.

  • By grûnbûne wenningen (lykas iengesinswenningen) is in eDNA-ûndersyk nedich. Dat kin jild kostje.
    • As de eDNA test negatyf is, kinne jo subsydzje foar spoumuorre-isolaasje oanfreegje. Omdat der gjin spoaren fan flearmûzen fûn binne, mei de spoumuorre direkt isolearre wurde. De kosten fan de negative test wurde ek fergoede.
    • As de eDNA test posityf is, krije jo gjin subsydzje foar spoumuorre-isolaasje. Yn dat gefal is der wol DNA fan flearmûzen fûn. Dêrom mei de spoumuorre net isolearre wurde. De kosten fan de positive test wurde net fergoede.
  • Dakisolaasje fan bûtenôf is allinnich tastien mei in omjouwingsfergunning. De omjouwingsfergunning (iepenet yn in nij ljepblêd) freegje jo oan by de provinsje Fryslân. In plat dak mei wol isolearre wurde sûnder omjouwingsfergunning.
  • Foar net-grûnbûne wenningen (lykas duplekswenningen, apparteminten en flats) is in omjouwingsfergunning (iepenet yn in nij ljepblêd) nedich.

Mear ynformaasje

Wolle jo mear witte oer eDNA ûndersyk en wat tastien is by isolearjen? Gean nei de webside fan de provinsje Fryslân (iepenet yn in nij ljepblêd).

Wenning isolearre nei 1 jannewaris 2024

Hawwe jo jo wenning nei 1 jannewaris 2024 isolearre? Dan kinne jo faaks (in diel fan) de kosten weromkrije. Jo hawwe in isolaasjeplan nedich. Gean nei de webside Leeuwarden helpt verduurzamen (iepenet yn in nij ljepblêd). Yn dit isolaasjeplan jouwe jo oan hoe’t de situaasje wie foar it isolearjen fan jo hûs.

Hichte subsydzje

De subsydzje is 50% fan de kosten dêr’t jo subsydzje foar krije. It bedrach is maksimaal € 12.000,- per wenning. As jo de subsydzje oanfrege hawwe, krije jo in befêstiging dat wy it ûntfongen hawwe. Jo hearre binnen 8 wike fan ús.

Isolearjende maatregels útfierd

Freegje om útbeteljen fan de subsydzje (of in diel dêrfan) as jo de faktuer ûntfongen hawwe. Jou oan oft it bedrach nei it bedriuw of nei josels oermakke wurde moat. Tsjinje de oanfraach fuortdaliks yn as jo de faktuer krije, sadat wy it jild sa fluch mooglik útbetelje kinne. Dan hoecht it bedriuw net lang op de betelling te wachtsjen.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing fine jo op de webside Overheid.nl (iepenet yn in nij ljepblêd).

  • Subsydzjeregeling Ferduorsuming Hierwenningen Ljouwert-East.

Fragen of mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer bygelyks subsydzjes, tips en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert (iepenet yn in nij ljepblêd).
Foar fragen nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.