Fluch oan:

Wurksumheden

It doel fan it opknappen fan de Westersingel en de Pier Panderstrjitte is it werombringen fan de snelheid nei 30 kilometer yn ’e oere. De rydbaan wurdt smeller en de fytsstroken breder. Oerstekplakken by de Molestrjitte en Fonteinstrjitte wurde ferbettere. De besteande beammen wurde ferfongen om’t se net goed groeie. Nije beammen wurde plante oan beide kanten fan de strjitte. Op ’e kade bliuwt romte foar parkearen en komt der mear grien. Fia in kuierpaad op ’e kade rinst ûnder de beammen en tusken it grien lâns de stedsgrêft.

Ferfangen en fersterkjen dielen kademuorre

Neist it opnknappen wurdt ek in diel fan de kademuorre ferfongen en in oar diel fan de kademuorre sterker makke. Dit is noadich omdat op dizze dielen de peallen ûnder de kademuorre beskeadige binne. Hjirtroch binne se net mear sterk genôch om de kademuorre te ûndersteunen.

Definityf ûntwerp

Yn maart 2023 begûn de projektgroep fan de gemeente mei 15 fertsjintwurdigers fan beide strjitten (in klankboerdgroep) mei it meitsjen fan in ûntwerp foar beide strjitte. Nei trije byienkomsten mei de klankboerdgroep en ferskillende ûndersiken, is der in foarriedich ûntwerp makke.

Dit foarriedich ûntwerp fan de werynrjochting Westersingel en Pier Panderstrjitte waard op 12 juny 2024 oan de buert presintearre yn wykgebou De Remise. Mei de opmerkingen fan de buertbewenners hat de gemeente it definitive ûntwerp makke.

Planning wurksumheden

Fan 3 maart ôf (Tesselschadestrjitte oant it Vossepark):

  • Beammen fuorthelje.
  • Beammen plantsje.
  • Flearmûspanielen pleatse (sjoch kopke Maatregels flearmûzen foar mear ynformaasje).

Fanôf 10 maart:

  • Start wurksumheden kademuorre.

Fanôf 15 maart:

  • Roaien fan de beammen (lâns de kade Westersingel).
  • Flearmûzeskerm pleatse (lâns kade Plataan oant Molestrjitte).

Start werynrjochting yn maaie

De werynrjochting fan de Westersingel en de Pier Panderstrjitte start begjin maaie. It wurket duorret oant ein dit jier. De wurksumheden fiere wy yn fazen út:

  • Faze 1: Pier Panderstrjitte oant en mei de mikrorotonde by de Molestrjitte
    • Perioade: 7 maaie oant en mei begjin july.
    • Berikberheid parkeargaraazjes wurdt noch ôfstimd mei bewenners.
  • Faze 2: Molestrjitte oant en mei de mikrorotonde by de Fonteinstrjitte
    • Perioade: begjin july oant en mei begjin oktober.
  • Faze 3: Fonteinstrjitte oant Tesselschadestrjitte
    • Perioade: begjin oktober oant en mei desimber.
  • Faze 4: Westersingel 2-4 (fytsstrjitte by Mient de Vries)
    • Perioade: novimber en desimber óf jannewaris en febrewaris, ôfhinklik fan de fuortgong fan de haadrydbaan.
    • Berikberens fan de parkeargaraazje Westerparkstaete wurdt mei de gebrûkers ôfstimd.

Mear details oer dizze fazen folgje yn de rin fan it jier.

Ynformaasjegearkomst

Wy organisearje in ynformaasjegearkomst. Jo kinne dêr fragen stelle oer de útfiering en de definitive planning. Meiwurkers fan de gemeente Ljouwert stean jo te wurd.

  • Wannear: Woansdei 16 april
  • Wêr: De Remise, Tramstrjitte 1.2
  • Hoe let: Jo binne wolkom tusken 17:30 en 19:30 oere. Jo kinne op elk stuit deryn rinne.

Dykôfsluting

Under de wurksumheden binne de Pier Panderstrjitte en de Westersingel folslein stremd. Der bliuwt in rinrûte beskikber fan de Molestrjitte nei de Froupoartsbrêge. De omliedingen wurde mei buorden oanjûn.

Bussen

Under de wurksumheden kinne de bussen net lâns de Westersingel en de Pier Panderstrjitte. De measte bussen ride dan wer tydlik lâns it Ruterskertier yn de binnenstêd.

Nijsbrief

Begjin april is der in nijsbrief ferstjoerd nei de omwenners.

Maatregels flearmûzen

By de wurksumheden wurde maatregels nommen om de fleanrûte fan flearmûzen te beskermjen.

  • Tydlike maatregels: Ferfangende fleanrûtes mei beammen, flearmûspanielen en skermen.
  • Permaninte maatregels: Oanplant fan ipen foar in bliuwende fleanrûte.
  • Ekologyske begelieding: Logboek mei befiningen fan fjildbesites.