Fluch oan:

Wat hâldt it yn?

By in taalstaazje kinne statushâlders meiwurkje yn in bedriuw. Sa oefenje sy de Nederlânske taal, leare sy hoe’t de mienskip wurket en dogge se wurkûnderfining op. Ek foar it bedriuw is dat handich: it krije ekstra ûndersteuning. Dêrneist soarget diversiteit yn it team foar kreativiteit en nije ideeën. By de taalstaazjes leit de oandacht op jongerein en froulju, sadat sy ekstra kânsen krije. Mar mannen kinne uteraard ek in taalstaazje folgje.

Taaltrajekten binnen bedriuwen

De gemeente Ljouwert wol dat elkenien in earlike kâns krijt op in goed libben, dêr’t it net by útmakket wêr’tst wei komst of wa’tst bist. Dit is net allinnich belangryk foar de minsken dêr’t it om giet, mar it helpt ek om de mienskip sterker te meitsjen. Taaltrajekten binnen bedriuwen rint oant 1 jannewaris 2028.

Wat wurdt der fan de wurkjouwer ferwachte?

  • Soargje foar in dúdlike omskriuwing fan de funksje en de taken.
  • Soargje derfoar dat de statushâlder safolle mooglik yn kontakt komt mei minsken.
  • In fêste meiwurker as oansprekpunt is fijn foar de statushâlder.
  • Dizze meiwurker kin ek tips jaan oan kollega’s oer hoe’t sy helpe kinne.

Wat wurdt der fan de statushâlder ferwachte?

  • Jo binne motivearre.
  • Jo leare nije wurden.
  • Jo ûntdekke de wurkkultuer.
  • Jo leare nije feardichheden.

Fragen of oanmelde?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.