Subsydzje Amateurkeunst
It budzjet foar de subsydzje Amateurkeunst yn 2025 is folslein bestege. Dit hâldt yn dat jo gjin subsydzjeoanfraach mear yntsjinje kinne foar amateurkeunst yn 2025.
Fan 1 novimber 2025 ôf is it mooglik om in subsydzjeoanfraach foar 2026 yn te tsjinjen.
Wat binne de betingsten?
- Jo aktiviteit moat besocht wurde kinne troch ynwenners fan de gemeente Ljouwert.
- As jo organisaasje meidocht oan in konkoers of wedstriid, moat dat meihelpe oan de promoasje en fierdere ûntwikkeling fan jo organisaasje.
- Jo kinne 1 of mear oanfragen per jier dwaan. Per jier jildt in maksimaal subsydzjebedrach fan € 2.200.
- De subsydzje is 50% fan de (organisaasje)kosten foar de aktiviteit, mar nea mear as it bedrach dat je tekoartkomme en nea mear as € 2.200,-. De oare kosten moatte jo op in oare wize dekke, bygelyks troch ynkomsten út entreejild, sponsoring, subsydzjes fan oare oerheden, fûnsen, donateurs, eigen bydragen of crowdfunding.
Hokker bylagen moatte jo by jo oanfraach taheakje?
- In aktiviteiteplan. Dat befettet in oersjoch mei in beskriuwing fan it karakter, de omfang, perioade, doer, lokaasje en wize fan útfiering fan de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt. Fierder wurdt in beskriuwing frege fan de eftergrûn, motivearring, oanpak, planning, PR en it publyk dat jo berikke wolle.
- In slutende en foldwaande útleine begrutting fan de ynkomsten en útjeften. Yn de begrutting stiet ek it oanfrege subsydzjebedrach. By de begrutting is it echt nedich dat dizze slutend is.
Wannear moatte jo oanfraach en bylagen by ús binnen wêze?
De subsydzje-oanfraach moat 8 wiken foardat de aktiviteit begjint oanfrege en troch ús ûntfongen wêze.
Status subsydzjeoanfraach
Wolle jo jo yntsjinne subsydzjeoanfraach ynsjen? Dat kin fia it subsydzjeportaal.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal):
- Subsydzjeregeling Amateurkeunst gemeente Ljouwert 2024.
- Algemiene Subsydzjeferoardering gemeente Ljouwert.