Húsregels gemeentehûs
Wy wolle dat jo besite foar jo, oare besikers en ús meiwurkers feilich en noflik is. Dêrfoar hawwe wy in oantal húsregels. Wy freegje jo om hjiroan mei te wurkjen. Hâlde jo jo net oan de húsregels? Dan freegje wy jo it gemeentehûs te ferlitten of belje wy de plysje. By bedriging, geweld of skea dogge wy altyd oanjefte.
Wat ferwachtsje wy fan jo
Tagong en identifikaasje
- Der kin frege wurde nei jo identiteitsbewiis.
- Yn guon romtes meie jo allinnich nei binnen op ôfspraak. Bygelyks in sprekkeamer.
- Helphûnen binne wolkom. Alle oare bisten meie der net mei yn.
- As jo ûnder ynfloed binne fan alkohol, drugs of oare middels dy’t jo beoardielingsfermogen beynfloedzje, kinne wy jo tagong wegerje.
Feiligens
- Der hingje befeiligingskamera’s foar jo en ús feiligens.
- Folgje de ynstruksjes op fan bedriuwshelpferlieners, befeiligers en/of personiel.
- Foarwerpen dy’t in gefaar foarmje (kinne) foar oaren binne net tastien.
- Jou jo helm, skateboard, step en al sa mear ôf by de befeiliging.
- It dragen fan gesichtsbedekkende klean (lykas in yntegraalhelm of in boerka) is net tastien.
- Let goed op jo spullen. De gemeente is net ferantwurdlik foar ferlies of stellerij.
Gedrach
- Behannelje meiwurkers en oare besikers mei respekt.
- Hâld rekkening mei de privacy fan oare besikers.
- Gean soarchfâldich om mei fertroulike ynformaasje.
- Let op jo bern, sadat elk him noflik fielt.
- Foar it meitsjen fan foto’s of fideo’s hawwe jo tastimming nedich.
- Agresje, geweld, yntimidaasje of oar net passend gedrach is net tastien.
- It gebrûk fan alkohol, drugs of smokerij is yn en om it gebou net tastien.
- Bliuw net langer as nedich.
Gebrûk fasiliteiten
- Meitsje gebrûk fan de kopiearmasine as dat nedich is foar ús tsjinstferliening.
- Kofje en tee binne fergees.
- Der binne rolstuollen oanwêzich. Nei gebrûk graach skjin en netsjes weromsette.
Lûds- en filmopnames
- De gemeente Ljouwert stiet it meitsjen fan in lûdsopname ta. Utsein as der wichtige redenen binne dat net te dwaan. Yn dat gefal wurdt der socht nei in oare oplossing.
- Foar it petear kinne jo dúdlik meitsje dat jo in lûdsopname meitsje wolle. Mar dat hoecht net.
- As jo in lûdsopname meitsje, kin de gemeente Ljouwert foar har eigen administraasje sels ek in lûdsopname fan it petear meitsje.
- Jo bewurkje de lûdsopname net.
- Sawol jo as de gemeente Ljouwert jouwe lûds- of filmopnamen net sûnder tastimming fan de oare partij oan oare organisaasjes of persoanen, of meitsje dy iepenbier.
- Wol immen fan de gemeente fan in petear mei jo in lûdsopname meitsje? Dat bart allinnich as jo dêr tastimming foar jouwe. Jo ûntfange dan in kopy fan de lûdsopname.
- Jo meie net sûnder tastimming in meiwurker fan de gemeente Ljouwert filmje.
- Sawol jo as de gemeente Ljouwert jouwe lûds- of filmopnamen net sûndertastimming fan de oare partij oan tredden, of meitsje dy iepenbier.

Fluch oan: