Fluch oan:

Grêfrjocht oerskriuwe

It grêftrjocht kin op in oare persoan oerskreaun wurde. Dat kin:

  • mei tastimming fan de rjochthawwer;
  • nei it ferstjerren fan de rjochthawwer.

Troch it grêfrjocht oer te skriuwen, bliuwt it grêf behâlden. De nije rjochthawwer kin ek immen yn it grêf begrave litte.

It grêfrjocht fan in partikulier grêf kin oerskreaun wurde op:

  • in natuerlike persoan;
  • in rjochtspersoan.

Faak is de nije rjochthawwer in erfgenamt of famyljelid fan de aktuele rjochthawwer of fan dejinge dy’t yn it grêf begroeven leit.

Libbet de aktuele rjochthawwer noch? Dan moat dy persoan tastimming jaan en it oerskriuwformulier ûndertekenje.

De behearder fan it begraafplak moat akkoart gean mei de oerskriuwing.

Grêfrjocht ferlinge

Wolle jo it grêfrjocht ferlinge?

  • Freegje dat dan oan foar de eindatum. As wy jo adresgegevens hawwe, ynformearje wy jo minimaal 1 jier en maksimaal 2 jier foardat it grêfrjocht ôfrint.
  • Ferlinging is meastal net ferplichte, mar kin wol noadich wêze. Bygelyks as jo ien begrave wolle yn in grêf dêr’t noch minder as 15 jier grêfrjocht foar jildt.
  • Jo ferlinge it grêfrjocht fan in partikulier grêf mei minimaal 5 en maksimaal 20 jier.

Ofstân dwaan fan grêfrjocht

As jo it grêfrjocht net ferlinge, stoppet it automatysk op de eindatum. Jo kinne ek earder ôfstân dwaan fan it grêfrjocht. Jo ferlieze dan de rjochten dy’t jo op dat stuit hawwe op in grêf. Jo kieze sels fan hokker datum ôf jo ôfstân dogge fan it grêfrjocht.

Utjefte grêfrjocht

As jo fan de gemeente grêfrjocht krije, jildt dat foar minimaal 15 jier. Jo kinne ek kieze foar in langere perioade. Der is gjin maksimale perioade, mar grêfrjocht foar ûnbepaalde tiid is net mooglik.

Grêfrjochten ferfalle litte

De gemeente kin grêfrjochten ferfalle litte as de rjochthawwer:

  • ferstoarn is en it grêfrjocht net binnen 1 jier oerskreaun is;
  • it grêf slim ferwaarloazget;
  • net op tiid betellet foar it grêfrjocht.

Foardat de gemeente it grêfrjocht ferfalle lit, ûntfange jo earst berjocht. It grêfrjocht eindiget automatysk op de ôfsprutsen eindatum. It grêfrjocht kin ek earder eindigje as de rjochthawwer ôfstân docht fan it grêfrjocht.

Kosten

Grêfrjochten per jier Kosten
1e ôfdieling Noarderbegraafplak 1 djip € 303,40
1e ôfdieling Noarderbegraafplak 2 djip € 379,25
Oare begraafplakken en 2e ôfdieling Noarderbegraafplak 1 djip € 151,70
Oare begraafplakken en 2e ôfdieling Noarderbegraafplak 2 djip € 189,62
Bernegrêf 1 djip € 75,85
Bernegrêf 2 djip € 94,81
Urnegrêf € 151,70
Urnenis € 75,85
Oergongsregeling ferlinging 1e ôfdieling fêstige foar 1 jannewaris 2010 € 193,19
Oergongsregeling ferlinging 1e ôfdieling fêstige foar 1 jannewaris 2010 2 djip € 241,48
Opgraven, romjen en skodzjen Kosten
Romjen fan in grêf of opgraven fan in yndividueel lyk € 1.043,30
Romjen fan in bernegrêf of opgraven fan in yndividueel bernelyk € 521,65
Opgraven fan in lyk binnen de termyn fan grêfrêst € 2.086,60
Opgraven fan in bernelyk binnen de termyn fan grêfrêst € 1.043,30
Opgraven fan jiskebussen út in grêf € 299,17
Ferwiderjen fan jiskebussen út in urnenis € 149,55
Op- en werbegraven fan jiskebussen út in grêf yn gefal fan in bysetting € 299,17
Ferstrekking fan in bonkekistke € 163,75
Ferstrekking fan in lykkiste € 573,23

 

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd).

  • Feroarderingen gemeentlike begraafplakken
  • Utfieringsbeslút gemeentlike begraafplakken
  • Feroardering Begraafrjochten

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.