Ljouwert-East
Yn de kommende jierren meitsje wy Ljouwert-East leefberder. Elkenien moat der noflik wenje kinne, mei in goede oplieding en goed ynkommen, en yn in goede sûnens. Mear ynformaasje oer dit programma fine jo op de website Ljouwert-East.
Untwerp foar Ljouwert East op ynsjen
De gemeente Ljouwert hat in ûntwerp makke om Ljouwert East te ferbetterjen. Dit is it addindum omjouwingsfyzje (dit is in oanfolling op de hjoeddeistige omjouwingsfyzje). En in ûntwerp-ûntwikkelprogramma Ljouwert East. Reagearje kin oant en mei woansdei 30 april.
Wat is in ûntwikkelprogramma?
In ûntwikkelprogramma is in plan foar in gebiet. It lit sjen hokker ferbetteringen mooglik binne, lykas mear grien en bettere fyts- en kuierrûtes. It is gjin definityf plan, mar in idee dêr’t de gemeente en oare organisaasjes, lykas wenningkorporaasjes, oan wurkje wolle. It is makke mei help wykbewenners. It programma is foar de kommende 20 jier en rjochtet him op wenjen, wetter, grien, ferkear en moetingsplakken.
Foar hokker wiken is it plan?
It plan is foar de wiken:
- Ald East
- Bilgaard
- Frijheidswyk
- Heechterp-Skieringen
- Camminghabuorren. Ek it gebiet om it Kealledykje hinne heart dêrby.
Wat stiet der yn it ûntwikkelprogramma?
It ûntwikkelprogramma bestiet út 3 dielen:
- Analyze fan it gebiet.
- In fyzje neamd ‘Stêd fan Neite’. Hjiryn stiet wat belangryk is foar Ljouwert East.
- Plannen foar útfiering.
Wat stiet der yn it addindum Ljouwert East?
It addindum follet de haadlinen fan de omjouwingsfyzje oan op basis fan it ûntwikkelprogramma. Der wurdt wurke oan 7 ûnderwerpen:
- Goede kwaliteit fan libjen
- Stedspark Kealledykje
- Grien ferbine
- Foarsjenningen foar fearkrêft
- Geduldich wurkje oan de basis
- Kânsen foar mingen en fertichtsjen
- Plakken en prioriteiten
Hoe kin ik reagearje?
It ûntwerp leit oant en mei 30 april op besjen. Jo kinne reagearje op de plannen troch in sjenswize yn te tsjinjen. Neam dêrby it saaknûmer 2025-036263.
Fragen
Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei de gemeente Ljouwert.