Ynboargerje yn de gemeente Ljouwert
Binne jo nij yn Nederlân en komme jo yn de gemeente Ljouwert te wenjen? Wolkom! Om yn te boargerjen moatte jo leare Nederlânsk te praten, lústerjen, lêzen en skriuwen. Dat stiet yn de Wet ynboargering. Ek leare jo mear oer wenjen, wurkjen en libjen yn Nederlân. Mear ynformaasje oer ynboargjen fine jo op dizze pagina.
Ynboargerjen foar 2013
Hawwe jo foar 1 jannewaris 2013 jo ferbliuwsfergunning krigen? En hawwe jo jo ynboargeringseksamen noch net helle? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Ynboargerjen tusken 2013 en 2022
Hawwe jo nei 1 jannewaris 2013 jo ferbliuwsfergunning krigen? En moatte jo ferplicht ynboargerje? Dan krije jo in brief fan de Dienst Uitvoering Onderwijs (DUO). Yn dy brief stiet jo startdatum foar de ynboargering. Jo binne sels ferantwurdlik foar jo ynboargering. Jo hawwe 3 jier de tiid om yn te boargerjen.
Ynboargerjen op of nei 1 jannewaris 2022
De gemeente Ljouwert helpt jo om jo ynboargering te heljen. Jo hawwe 3 jier de tiid om yn te boargerjen.
Hoe sjocht it programma om yn te boargerjen derút?
Dit wurdt útlein yn it folgjende filmke:
- ‘Wolkom yn Ljouwert’ (iepenet yn in nij ljepblêd) yn it Nederlânsk.
- ‘Wolkom yn Ljouwert’ (iepenet yn in nij ljepblêd) yn it Arabysk.
- ‘Wolkom yn Ljouwert’ (iepenet yn in nij ljepblêd) yn it Ingelsk.
- ‘Wolkom yn Ljouwert’ (iepenet yn in nij ljepblêd) yn it Tigrinya.
Start ynboargering mei begelieding fan de gemeente Ljouwert
Wy starte mei kennismeitsjen sa gau’t jo in wenning hawwe. Dat kennismeitsjen wurdt ek wol ‘de brede intake’ neamd. Jo komme yn ’e kunde mei jo ynboargerskonsulint dy’t jo helpe sil.
Hoe’t jo in wenning krije, wurdt útlein yn it folgjende filmke:
- ‘Op syk nei in sosjale hierwenning’ (iepenet yn in nij ljepblêd) yn it Nederlânsk.
- ‘Op syk nei in sosjale hierwenning’ (iepenet yn in nij ljepblêd) yn it Farsi.
- ‘Op syk nei in sosjale hierwenning’ (iepenet yn in nij ljepblêd) yn it Turksk.
- ‘Op syk nei in sosjale hierwenning’ (iepenet yn in nij ljepblêd) yn it Perzysk.
- ‘Op syk nei in sosjale hierwenning’ (iepenet yn in nij ljepblêd) yn it Ingelsk.
- ‘Op syk nei in sosjale hierwenning’ (iepenet yn in nij ljepblêd) yn it Arabysk.
Wy wolle graach witte wat jo yn jo lân fan komôf dien hawwe, wat jo dreamen en winsken binne. Wy fertelle jo wat de mooglikheden yn Nederlân binne. Nei de brede intake beslute jo tegearre mei jo konsulint hokker ynboargeringsrûte it bêste by jo past.
It Plan Ynboargering en Partisipaasje (PIP)
De gemeente beslút tegearre mei jo hokker ynboargeringsrûte it bêste by jo past. Dat beslút neame wy it Plan Ynboargering en Partisipaasje (PIP). Yn dat plan stiet wat jo dwaan sille om yn te boargerjen. As de gemeente jo PIP makke hat, krije jo in brief fan DUO. Yn de brief stiet wannear’t jo ynboargeringsperioade offisjeel begjint en wannear’t jo klear wêze moatte.
Neist de ynboargeringsrûte dêr’t jo de taal yn leare, helpe wy jo mei it regeljen fan praktyske saken, lykas it finen fan in húsdokter, it yn ’e kunde kommen mei jo wenomjouwing en jouwe wy jo ûndersteuning by jildsaken.
Regelje by feroaringen yn jo libben
Der feroaret wat yn jo libben. Dit neame wy in libbensbarren. Soms bart dit ûnferwachts, soms planne jo it sels. Op de website fan de Ryksoerheid (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo ynformaasje oer wat jo regelje kinne en witte moatte.
Mear ynformaasje of help nedich
Wolle jo minsken moetsje en meidwaan oan sosjale en kulturele aktiviteiten?
Gean lâns by Sedrana (Onze Familie). Mear ynformaasje fine jo op de website Stjoer (iepenet yn in nij ljepblêd).
Wolle jo mear ynformaasje oer ynboargering?
Dat fine jo op de website Ynboargerjen (iepenet yn in nij ljepblêd).
Hawwe jo help nedich by algemiene fragen? Bygelyks oer jo post, formulieren of soarch?
Nim kontakt op mei jo Wykteam (iepenet yn in nij ljepblêd).
Hawwe jo help nedich by húsfesting, it starten fan jo ynboargering, partisipaasje en yntegraasje?
Nim kontakt op mei Vluchtelingenwerk (iepenet yn in nij ljepblêd).
Hawwe jo fragen oer jo asyloanfraach of ferbliuwsfergunning?
Nim kontakt op mei de Ymmigraasje- en Naturalisaasjetsjinst (IND) (iepenet yn in nij ljepblêd).
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: