Oanlisplakken yn de gemeente Ljouwert
De gemeente Ljouwert hat ferskillende havens, oanlisplakken en stegers dêr’t jo mei de boat oanlizze kinne. Op dizze side fine jo ynformaasje oer de gemeentlike havens, kommersjele havens, buerthavens en oare oanlisfoarsjennings yn de gemeente.
Gemeentlike havens
Haven Prinsetún Ljouwert
De stedshaven om de Prinsetún yn Ljouwert hinne is ien fan de moaiste havens fan Nederlân. Jo kinne as besiker jo boat yn de Prinsetún oanlizze. Dat kin midden yn it park, oan de Noardersingel of oan de Westerplantaazje. Mear ynformaasje fine jo op pagina Haven Prinsetún Ljouwert.
Havens Grou
Yn Grou kinne jo yn 4 ferskillende havens oanlizze: de Pikmarhaven, de Hellingshaven, de Nije Kade en de Suderkade. Mear ynformaasje fine jo op pagina Havens yn Grou.
Warten
- By de brêge yn Warten binne 8 lisplakken foar besikers. Dat is yn de buert fan de krusing tusken it Nijpaed en de Haadstrjitte.
- Havenjild en wettertoeristebelesting betelje jo by de brêgewachter.
- De brêgewachter komt by jo lâns. Betelje kin allinnich mei kontant jild.
- De brêgewachter kin ynformaasje jaan oer de haven en de omjouwing.
- Efter de tsjerke is in gebou mei wc’s en dûsen.
- Jo kinne elektrisiteit brûke fia de stroompylder. Betelje kin allinnich mei kontant jild.
Jirnsum
- Oan de Ryksstrjitwei (krusing Tsjerkebuorren) binne 8 lisplakken foar besikers. Sy komme by jo lâns. Betelje kin mei pinpas of kontant.
- Der binne by dizze lisplakken gjin wc’s en dûsen.
- Jo kinne hjir gjin stroom brûke.
Museumhaven Ljouwert
- Yn de museumhaven oan de Willemskade yn Ljouwert lizze histoaryske skippen en farrende monuminten. Dit is in haven mei fêste lisplakken. Soms is der tydlik romte foar in skip dat in besite bringt oan Ljouwert.
- Mear ynformaasje freegje jo op by havenmaster Sijtze Meter 06-43365095 of Sjoerdtsje Bergsma-Kuperus 06-25771014.
- Op de website fan Stifting Museumhaven (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo mear ynformaasje en foto’s.
Kommersjele havens
Ljouwert
De Ljouwerter Jachthaven (iepenet yn in nij ljepblêd) hat hast 700 plakken. Dêrfan binne 40 foar besikers. De haven leit oan de Steande Mêstrûte en hat in soad foarsjenningen.
Warten
Midden yn it Fryske marregebiet leit de jachthaven fan Warten. De haven leit oan Nasjonaal Park De Alde Feanen. De Stifting Jachthaven Warten (iepenet yn in nij ljepblêd) beheart de haven.
Wergea
Yn Wergea binne ferskillende lisplakken foar besikers. Mear ynformaasje fine jo op de website fan Toeristysk Wergea (iepenet yn in nij ljepblêd).
Reduzum
Ek yn Reduzum kinne jo mei de boat oanlizze. Op de website fanDoarpsbelang Reduzum (iepenet yn in nij ljepblêd)fine jo mear ynformaasje.
Grou
Oan de Pikmar leit de haven fan de Vereniging Grouwster Watersport (iepenet yn in nij ljepblêd). Dizze haven hat ek faak plak foar besikers.
Buerthavens
Buerthavens binne lytsskalige havens en oanlisplakken dy’t beheard wurde troch doarpsbelangen, wettersportfoarsjennings of oare lokale organisaasjes. Dizze havens biede lisplakken foar ynwenners en yn in soad gefallen ek foar passanten. Yn de gemeente Ljouwert fine jo ûnder oare buerthavens yn:
- Alde Leie
- Easterlittens
- Feinsum
- Jirnsum
- Jorwert
- Lekkum
- Mantgum
- Wergea
- Wurdum
De foarsjennings binne op elke lokaasje wer oars. Sommige buerthavens hawwe plakken foar passanten of sanitêre foarsjennings, wylst oare havens allinnich in fêst lisplak hawwe. Mear ynformaasje fine jo ûnder it kopke “Oanlisfoarsjennings”.
Oanlisfoarsjennings
Op de kaart Oanlisfoarsjennings (iepenet yn in nij ljepblêd) fine jo in oersjoch fan ûnder oare gemeentlike havens, passantenplakken, buerthavens en lisplakken. Ek sjogge jo oare plakken dêr’t de rekreaasje- en beropsfear oanlizze kin.
Havenreglemint
Yn it dokumint Havenreglemint fine jo alle regels dy’t jilde foar de gemeentlike havens, de gebouwen en terreinen fan de gemeente Ljouwert. Fierder moatte jo jo hâlde oan de oanwizingen fan de havenmaster. It is net mooglik foar plezierfeart om in plak te reservearjen.
Kosten
As jo mei jo boat yn in haven fan de gemeente Ljouwert lizze, betelje jo havenjild.
| Kosten plezierfeart | Ynklusyf 21% btw |
|---|---|
| Havens yn Ljouwert | De strekkende meter, per dei € 2,08. |
| Stoomboatshaed yn Warten | De strekkende meter, per dei € 1,56. |
| Op ’e hichte fan de Rykswei 91 en 97 yn Jirnsum | De strekkende meter, per dei € 1,56. |
| Havens yn Grou 1 april – 31 oktober (per dei) | De strekkende meter, per dei, € 1,77. |
| Havens yn Grou 1 novimber – 31 maart (per dei) | De strekkende meter, per dei, € 0,88. |
| Havens yn Grou (per moanne) | De strekkende meter, per moanne, € 23,46. |
As jo yn de gemeente Ljouwert wenje, betelje jo gjin wettertoeristebelesting. Ek foar bern fan 5 jier of jonger betelje jo gjin wettertoeristebelesting.
Foar wetter en elektra hoege jo net apart te beteljen yn de besikershavens. Jo hawwe hjir fia it lisjild al foar betelle.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: