Fluch oan:

Wannear en wêr

Jo kinne fan 18 jannewaris oant en mei 1 febrewaris 2027in stipeferklearring ôflizze. Dat dogge jo by de ôfdieling Boargersaken yn it gemeentehûs.

Op 3 en 4 febrewaris 2027 fan 08.30 oant 17.00 oere kinne jo ek in stipeferklearring ôflizze. Dat kin allinnich foar in partij dy’t noch net genôch jildige stipeferklearringen ynlevere hat.

Betingsten

Hoe wurket it?

  • De politike partij dy’t jo stypje wolle jout jo in stipeferklearring.
  • Jo ûndertekenje de folslein ynfulde stipeferklearring op it gemeentehûs. In meiwurker fan de ôfdieling ferkiezings moat dit sjen.
  • By de ferkiezingsbaly kontrolearret in meiwurker oft jo yn Ljouwert wenje en kiesberjochtige binne.
  • Jo kinne mar 1 kear in stipeferklearring ôflizze (1 foar Provinsjale Steaten en 1 foar Wetterskip). Dizze stipeferklearring kinne jo letter net wer ynlûke.
  • De meiwurker set in stimpel op it formulier.
  • Jo nimme it formulier mei en leverje it yn by de politike partij.

Fragen of mear ynformaasje?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.