Subsydzje enerzjybesparjende wenningmaatregels
As jo yn in min isolearre wenning wenje, hawwe jo faaks rjocht op subsydzje foar enerzjybesparjende wenningmaatregels. Bygelyks foar flierisolaasje, boaiemisolaasje of isolearjend glês. Ek as jo sels klusse, kinne jo subsydzje oanfreegje. Freegje de subsydzje oan en meitsje jo wenning komfortabeler en enerzjysuniger.
Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje
In digitale oanfraach wurdt flugger ferwurke as in skriftlike oanfraach.
Wolle jo dochs graach skriftlik oanfreegje? Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling enerzjybesparjende wenningmaatregels (iepenet yn in nij ljepblêd) en ful yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wêrfoar kinne jo subsydzje krije
- gevelisolaasje;
- flierisolaasje;
- boaiemisolaasje;
- souder/flieringisolaasje;
- dakisolaasje fan binnenút of fan in plat dak;
- dakisolaasje fan bûtenôf;
- spoumuorre-isolaasje;
- HR++ glês of HR+++ (triple)glês, in isolearre kezynpaniel of in isolearre doar mei kezyn. Keapje jo ruten mei nije kezinen mei HR++ glês of HR +++ (triple)glês? Dan krije jo € 300,00 subsydzje per m² glês;
- ferfanging fan in cv-tsjettel (minimaal 15 jier âld) troch in nije cv-tsjettel mei minimaal enerzjylabel A. De nije tsjettel is geskikt om te brûken mei in hybride waarmtepomp.
Betingsten
- Jo binne eigener fan de wenning yn de gemeente Ljouwert en bewenje dy.
- Jo wenning hat enerzjylabel D, E, F of G. Hat jo wenning gjin enerzjylabel of hat it enerzjylabel A, B of C dan jildt it folgjende:
- De wenning moat dan op syn minst 2 dielen hawwe dy’t min isolearre binne, lykas de flier, de gevel (bygelyks spoumuorre), it dak, de solder/flieringflier, of de ruten en doarren.
- De wenning moat boud wêze foar 1993. Wenningen fanôf 1993 komme net yn oanmerking foar subsydzje.
- Jo wenning hat in WOZ-wearde fan € 268.000 of leger (peildatum 1 jannewaris 2022).
- It ynkommen fan jo húshâlding is net mear as € 48.625 bruto per jier.
- Jo kinne per adres/húshalding ien kear gebrûk meitsje fan dizze subsydzje.
- De isolaasjemaatregels moatte dien wêze nei 14 july 2023. De wurksumheden moatte klear wêze foar 31 desimber 2027.
Betingsten isolaasjemaatregels
Betingsten foar dakisolaasje fan bûtenôf en spoumuorre-isolaasje
Wy wolle bisten beskermje dy’t yn huzen wenje kinne, lykas flearmûzen. Derôm jilde der ekstra betingsten foar dakisolaasje fan bûtenôf en spoumuorre-isolaasje.
- Foar spoumuorre-isolaasje by grûnbûne wenningen (lykas iengesinswenningen) is in eDNA-ûndersyk nedich. Dat kin jild kostje.
- As de eDNA test negatyf is, kinne jo subsydzje foar spoumuorre-isolaasje oanfreegje. Omdat der gjin spoaren fan flearmûzen fûn binne, mei de spoumuorre direkt isolearre wurde. De kosten fan de negative test wurde ek fergoede.
- As de eDNA test posityf is, krije jo gjin subsydzje foar spoumuorre-isolaasje. Yn dat gefal is der wol DNA fan flearmûzen fûn. Dêrom mei de spoumuorre net isolearre wurde. De kosten fan de positive test wurde net fergoede.
- Dakisolaasje fan bûtenôf is allinnich tastien mei in omjouwingsfergunning. De omjouwingsfergunning (iepenet yn in nij ljepblêd) freegje jo oan by de provinsje Fryslân. In plat dak mei wol isolearre wurde sûnder omjouwingsfergunning.
- Foar net-grûnbûne wenningen (lykas duplekswenningen, apparteminten en flats) is in omjouwingsfergunning (iepenet yn in nij ljepblêd) nedich.
Mear ynformaasje
Wolle jo mear witte oer eDNA ûndersyk en wat tastien is by isolearjen? Gean nei de webside fan de provinsje Fryslân (iepenet yn in nij ljepblêd).
Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach
De folgjende dokuminten leverje jo yn by de oanfraach:
- In offerte mei jo namme, adres en wenplak derop.
- In omskriuwing fan alle enerzjybesparjende maatregels of wenningferbetterings dy’t útfierd wurde. Jou ek de namme troch fan it brûkte (isolaasje)materiaal.
Binne jo fan doel it ferduorsumjen sels te dwaan?
- In plan mei de wurksumheden dy’t jo útfiere sille.
- In oersicht mei de ferwachte kosten.
- In helbere planning fan alle wurksumheden.
- Yn it gefal dat de verwaarmingstsjettel ferfongen wurdt: In bewiis dat de âlde tsjettel âlder is as 15 jier. Jo kinne dit bewize mei in rekken of in foto fan it typenûmer.
- Jo kinne allinnich subsydzje krije foar de kosten fan de materialen, net foar jo eigen oeren.
Hichte subsydzje
Jo kinne maksimaal € 2.500 oan subsydzje oanfreegje. Kostje de maatregels mei-inoar jo minder as € 2.500? Dan kinne jo maksimaal it totaalbedrach fan de maatregels oanfreegje. Foar dizze subsydzje is it subsydzjeplafond € 2.750.000. As jo de subsydzje oanfrege hawwe, krije jo in befêstiging dat wy it ûntfongen hawwe. Jo hearre binnen 8 wike fan ús.
Enerzjybesparjende maatregels útfierd
Freegje om útbeteljen fan de subsydzje (of in diel dêrfan) as jo de faktuer ûntfongen hawwe. Jou oan oft it bedrach nei it bedriuw of nei josels oermakke wurde moat. Tsjinje de oanfraach fuortdaliks yn as jo de faktuer krije, sadat wy it jild sa fluch mooglik útbetelje kinne. Dan hoecht it bedriuw net lang op de betelling te wachtsjen.
Hawwe jo de wenning sels ferduorsume, heakje dan:
- In foto fan de situaasje foar en nei it ôfrûnjen fan de enerzjybesparjende wenningmaatregels. Op de foto stiet de datum wannear’t de foto makke is.
- In rekken (kassabon) of oerienkomst foar de kochte materialen mei jo namme, adres en wenplak derop.
Mear subsydzjes
Wy hawwe noch in subsydzjeregeling foar it isolearjen fan jo wenning; gean nei de side subsydzje isolaasje eigen wenning. Der jilde deselde betingsten foar it enerzjylabel. De maksimale WOZ-wearde fan jo wenning is by dizze subsydzje € 350.000. Der is gjin ynkommenseask. Mooglik kinne jo fan beide subsydzjes gebrûk meitsje, sadat jo noch mear oan jo wenning dwaan kinne.
Ek de Ryksoerheid hat in subsydzje foar it isolearjen fan wenningen; de ISDE-subsydzje
De ISDE-subsydzje is beskikber foar it isolearjen fan wenningen. De ISDE-subsydzje kin kombinearre wurde mei gemeentlike of provinsjale subsydzjes. Jo kinne dus bygelyks de gemeentlike subsydzje oanfreegje en dêrneist ek de ISDE-subsydzje. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan ISDE: Subsydzje foar ferduorsuming fan jo wenning | RVO.nl (iepenet yn in nij ljepblêd).
Enerzjyloket Ljouwert
Wy wolle jo helpe by it ferduorsumjen fan jo wenning. Mear ynformaasje oer bygelyks subsydzjes, tips, help fan in enerzjycoach en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert (iepenet yn in nij ljepblêd).
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal) (iepenet yn in nij ljepblêd):
- Subsydzjeregeling enerzjybesparjende wenningmaatregels.
Fragen of mear ynformaasje
Wy wolle jo helpe by it ferduorsumjen fan jo wenning. Mear ynformaasje oer bygelyks subsydzjes, tips, help fan in enerzjycoach en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert (iepenet yn in nij ljepblêd). Foar fragen nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: