Fluch oan:

Wolle of kinne jo dit net digitaal melde?

Jou dan jo melding (anonym) troch fia:

Foarbylden

Soms jouwe minsken net alle ynformaasje troch om in útkearing, Wmo-foarsjenning of Jeugdhelp te krijen of te hâlden. Dat mei net. Bygelyks:

  • Ynskriuwe op in adres mar dêr net wenje.
  • By-inoar wenje en dat net trochjaan.
  • It net opjaan fan (ekstra) ynkomsten.
  • Net fertelle dat der ekstra fermogen is. Dat jildt ek foar fermogen yn it bûtenlân.
  • Net de ûndersteuning (ynkommen of soarch) nedich hawwe dy’t ûntfongen wurdt.
  • Minder of net de ûndersteuning (soarch) ûntfange dy’t ôfsprutsen is.
  • Oeren foar ûndersteuning fanút de Wmo of Jeugdwet deklarearje dy’t net jûn wurde.

Foarkom net korrekt gebrûk fan in bystânsútkearing of soarch. Jou feroaringen troch!

Jo hawwe de plich om feroaringen binnen 7 dagen oan ús troch te jaan. Dat neame wy ynljochtingeplicht. Bygelyks feroaring fan jo ynkommen, persoanlike situaasje, ferlet fan ûndersteuning of ferbliuw yn it bûtenlân. Jouwe jo gjin of net juste ynformaasje? Dan is dat mooglik misbrûk.

Húsbesite

Meiwurkers fan de gemeente kinne by immen thús komme om te kontrolearjen oft gegevens klopje. Sy beoardielje oft de werklike situaasje itselde is as de ynformaasje dy’t jûn is.

Wurdt in húsbesite yn it foar bekend makke?

Meastal melde wy yn it foar dat wy lâns komme. Wy kinne ek lânskomme sûnder dit yn it foar te melden. Dat dogge wy as dat nedich is foar in juste fêststelling fan jo situaasje.

Hoe wurdt der soarge foar privacy?

De meiwurkers litte oan de doar in pas fan de gemeente sjen. Sa witte jo dat sy echt fan de gemeente binne. Ek kinne sy jo freegje in legitimaasjebewiis sjen te litten. Dat is in rydbewiis, paspoart of identiteitskaart. De meiwurkers freegje foar jo privacy oft sy deryn komme meie. Sa hoecht it petear net bûten by de doar holden te wurden. Dêrnei fertelle sy wêrom’t se by jo op húsbesite binne en wat se dwaan sille.

Moat ik de meiwurkers deryn litte?

Earst wurdt jo tastimming frege. Dy tastimming jouwe jo troch jo hantekening te setten ûnder it formulier ‘Tastimming Húsbesite’.

Mei ik in húsbesite wegerje?

Ja, dat mei. Dit kin wol gefolgen hawwe foar in útkearing of ûndersteuning dy’t jo krije.
Jo rjocht op in útkearing of needsaak foar ûndersteuning kin dan mooglik net fêststeld wurde. Dit kin betsjutte dat jo útkearing of ûndersteuning stopset wurdt of leger wurdt.

Wat bart der by in húsbesite?

Jo binne altyd sels oanwêzich by in húsbesite. De meiwurkers freegje foar alles wat sy dogge of oanreitsje earst jo tastimming. De besite duorret faak net langer as in oere.
As de meiwurkers it nedich fine, kinne sy freegje om:

  • administraasje of post te sjen.
  • romten fan it hûs te sjen.
  • kasten of laden iepen te dwaan en de ynhâld te sjen.

Wat bart der nei in húsbesite?

De resultaten fan de húsbesite nimme wy mei yn de beoardieling fan de (oanfraach foar in) bystânsútkearing of soarch. Belanghawwers krije de útkomst fan dy beoardieling.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.