Fluch oan:

Kontakt mei de gemeente Ljouwert

Telefoanysk

Belje mei it telefoannûmer 14 058. (14, mei it kengetal fan de gemeente, is in telefoannûmer dêr’t jo jo gemeente mei belje.) Wy binne telefoanysk berikber fan moandei oant en mei freed: 8:30 – 17:00 oere.

Digitaal

Folje it kontaktformulier (iepenet yn in nij ljepblêd) yn. Brûk foar de folgjende ûnderwerpen it formulier op de side dêr’t it om giet:

Social media

Stjoer gjin dokuminten op fia social media en jou gjin privacygefoelige gegevens troch. In reaksje op jo social media-berjocht ûntfange jo ûnder iepeningstiden fan it gemeentehûs.

WhatsApp

Stjoer jo WhatsApp-berjocht nei 06-43365223 (iepenet yn in nij ljepblêd). Binnen 1 wurkdei krije jo in reaksje op jo berjocht. Belje en sms’e nei dit nûmer kin net.

Chat

As der in meiwurker beskikber is, fine jo rjochtsûnder op elke side in griene knop mei dêryn de tekst ‘Chat’. Klik op dizze knop om in chatpetear te starten.

Facebook en X

Wy binne as gemeente Ljouwert ek te berikken fia Facebook (iepenet yn in nij ljepblêd) en X (iepenet yn in nij ljepblêd).

Adressen, iepeningstiden, ôfspraak meitsje en frije ynrin

Gemeentehûs Ljouwert

  • Besikersadres: Aldehoustertsjerkhôf 2, 8911 DH Ljouwert
  • Postadres: Postbus 21000, 8900 JA Ljouwert
  • Iepeningstiden:
    • Moandei oant en mei freed: 08:30 – 17:00 oere
    • Tongersdei: 08:30 – 19:30 oere

Ofspraak meitsje en frije ynrin

Boargersaken
  • Ofdieling Boargersaken wurket op ôfspraak. Meitsje in ôfspraak fia de oanbelangjende ynformaasjepagina op de website.
  • Foar it oanfreegjen fan in paspoart, identiteitskaart of rydbewiis kinne jo ek lânskomme sûnder ôfspraak (frije ynrin):
    • Moandei en woansdei: 13:40 – 16:00 oere.
    • Tiisdei, tongersdei en freed: 08:30 – 12:00 oere.
  • It opheljen fan jo paspoart, identiteitskaart of rydbewiis kin ûnder ús iepeningstiden. Dêrfoar hoege jo gjin ôfspraak te meitsjen.
Fergunningen
  • Lânskomme by de ôfdieling Fergunningen kin mei of sûnder ôfspraak fan moandei oant en mei freed: 08:30 – 17:00 oere.
  • Op tongersdeitejûn wurket de ôfdieling Fergunningen allinnich op ôfspraak: 17:00 – 19:30 oere.
  • Meitsje in ôfspraak fia de oanbelangjende ynformaasjepagina op de website.

Stedhûs Ljouwert

  • Besikersadres: Hôfplein 38, 8911 HJ Ljouwert
  • Iepeningstiden:
    • Moandei oant en mei tongersdei: 08:30 – 18:00 oere
    • Freed: 08:30 – 17:00 oere

Bûtentsjinstlokaasjes

  • Lokaasjes:
    • Kelvinstrjitt 7, 8912 AN Ljouwert
    • Orionwei 1, 8938 AG Ljouwert
  • Iepen fan moandei oant en mei freed fan 07:30 oant 16:00 oere.

Help nedich

Meitinkpunt gemeentehûs

Hawwe jo fragen of kinne jo wol wat help brûke by in ûndúdlike brief, in taslach of ynformaasje oer jo útkearing? Rin der gerêst yn by it Meitinkpunt yn it gemeentehûs. Jo binne wolkom sûnder ôfspraak, fan moandei oant en mei freed tusken 13.00 en 17.00 oere.

Buert- en doarpskeamers

Jo kinne ek nei in Buert- of doarpskeamer by jo yn de buert.

Tagonklikheid foar minsken mei in beheining

Fan de kant fan it Aldehoustertsjerkhôf ôf is it gemeentehûs goed tagonklik foar minsken mei in beheining. De yngong oan de kant fan ’e Nijstêd is allinnich berikber fia in trep.

Belje út it bûtenlân wei

Ut it bûtenlân wei belje mei de gemeente Ljouwert kin fia it telefoannûmer 0031-58 233 8888.

Parse en media

Wurkje jo foar in krante of in oar nijsmedium? Nim dan kontakt op mei de parsetelefoan: 058- 233 4002.