Fluch oan:

Plakke jo gjin stikker?

Dan krije jo wol de Hûs-oan-Hûsblêden en bygelyks wykkrantsjes of ynformaasje oer wurksumheden yn ’e buert. Mar gjin reklamefolders mear.

Wat kinne jo mei in brievebusstikker?

Oanjaan dat jo:

  • Ynteressearre binne yn post dêr’t jo namme net op stiet (net-adressearre reklamedrukwurk) en Hûs-oan-Hûsblêden (Ja-stikker).
  • Net ynteressearre binne yn post dêr’t jo namme net op stiet (net-adressearre reklamedrukwurk) en ek net yn Hûs-oan-Hûsblêden (Nee/Nee-stikker).

Ha jo al in stikker plakt?

Dan bliuwt dy gewoan jildich.

Hokker stikkers binne der?

Soarte stikker Net-adressearre reklamedrukwurk winske Net-adressearre Hûs-oan-Hûsblêden winske
Ja – stikker Ja Ja
Gjin stikker of Nee/-Ja stikker Nee Ja
Nee – Nee stikker Nee Nee

 

Stukker oanfreegje

De stikkers kinne jo ophelje by de baalje yn it gemeentehûs yn Ljouwert. Dat kostet jo neat. Binne jo net yn ’e gelegenheid om in stikker op te heljen? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert dan stjoere wy jo dy op.

Reklamefolders online besjen

Digitaal oanmelde foar folders

Folderfersprieder Spotta wurket mei in digitaal systeem. Wolle jo folders fan Spotte ûntfange(n) (bliuwe)? Meld jo dan oan fia de webside inMijnBus (iepenet yn in nij ljepblêd). Foar oare folders bliuwt de stikker noch nedich.

Eigen folderpakket gearstalle

Gean nei de webside Folderkiezer (iepenet yn in nij ljepblêd). Jo ûntfagen dan allinnich de folders dy’t jo wolle.

Hawwe jo fragen of klachten oer de reklamefolders?

It kin barre dat jo dochs reklamefolders ûntfange wylst jo dat net wolle. Nim dan kontakt op mei de FRL Groep (iepenet yn in nij ljepblêd) of Spotta (iepenet yn in nij ljepblêd) (te werkennen oan it mei foly omwikkele pakket).

Untfange jo nei jo melding noch hieltyd folders en wolle jo dat net?

Ha jo in melding makke by de FRL groep of Spotta en krije jo noch hieltyd reklamefolders? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwertfoar it meitsjen fan in melding. Jo kinne ek in melding yntsjinje fia ús kontaktformulier (iepenet yn in nij ljepblêd).

Reklamepost dêr’t jo namme op stiet (adressearre reklamepost)

De gemeente kin hjir neat tsjin dwaan. Wolle jo jo hjirfoar ôfmelde? Dat kin fia de webside fan postfilter (iepenet yn in nij ljepblêd).