Jongeren Perspectief Fonds (JPF)
Yn it Jongeren Perspectief Fonds (JPF) wurket de gemeente Ljouwert gear mei jonge minsken dy’t troch skulden yn ’e problemen kommen binne. Jonge minsken tusken de 18 en 27 jier, dy’t sels harren jildproblemen net oplosse kinne, wurde holpen.
Hoe wurket it JPF
Tegearre mei in begelieder fan de gemeente Ljouwert giest oan de slach mei dyn skulden en dyn takomstdoelen. In takomstdoel is bygelyks in staazje, diploma of baan.
Wannear kinst meidwaan
- Bist tusken de 18 en 27 jier
- Wennest yn de gemeente Ljouwert.
- Do tinkst datst net sûnder help út de skulden komme kinst.
- Do kinst en wolst wurkje oan dyn takomstdoelen.
Hast skulden en wolst dy oanmelde
Kinst dy opjaan foar in yntakepetear Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert of stjoer in e-mail nei jpf@leeuwarden.nl.
Hast dy oanmelden. En no?
Stap 1
Nei dyn oanmelding krijst in petear mei 1 fan de begelieders. Jim sjogge tegearre oft dit projekt by jo past.
Stap 2
As jim tegearre beslute datst meidochst, meitsje jim ôfspraken mei elkoar. Dy ôfspraken sette wy mei-inoar op papier. Ofspraken gean oer dyn takomstdoelen en de oanpak fan dyn skulden.
Stap 3
Wy gean mei-inoar oan de slach om oan de takomstdoelen te wurkjen en dyn skulden op te lossen.
Mear ynformaasje of fragen
Mear ynformaasje fynst op de webside Jongeren Persfectief Fonds (iepenet yn in nij ljepblêd).
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: