Fluch oan:

Gemeentlike havens

Haven Prinsetún Ljouwert

De stedshaven om de Prinsetún yn Ljouwert hinne is ien fan de moaiste havens fan Nederlân. Jo kinne as besiker jo boat yn de Prinsetún oanlizze. Dat kin midden yn it park, oan de Noardersingel of oan de Westerplantaazje. Mear ynformaasje fine jo op pagina Haven Prinsetún Ljouwert.

Havens Grou

Yn Grou kinne jo yn 4 ferskillende havens oanlizze: de Pikmarhaven, de Hellingshaven, de Nije Kade en de Suderkade. Mear ynformaasje fine jo op pagina Havens yn Grou.

Warten

  • By de brêge yn Warten binne 8 lisplakken foar besikers. Dat is yn de buert fan de krusing tusken it Nijpaed en de Haadstrjitte.
  • Havenjild en wettertoeristebelesting betelje jo by de brêgewachter.
  • De brêgewachter komt by jo lâns. Betelje kin allinnich mei kontant jild.
  • De brêgewachter kin ynformaasje jaan oer de haven en de omjouwing.
  • Efter de tsjerke is in gebou mei wc’s en dûsen.
  • Jo kinne elektrisiteit brûke fia de stroompylder. Betelje kin allinnich mei kontant jild.

Jirnsum

  • Oan de Ryksstrjitwei (krusing Tsjerkebuorren) binne 8 lisplakken foar besikers. Sy komme by jo lâns. Betelje kin mei pinpas of kontant.
  • Der binne by dizze lisplakken gjin wc’s en dûsen.
  • Jo kinne hjir gjin stroom brûke.

Museumhaven Ljouwert

  • Yn de museumhaven oan de Willemskade yn Ljouwert lizze histoaryske skippen en farrende monuminten. Dit is in haven mei fêste lisplakken. Soms is der tydlik romte foar in skip dat in besite bringt oan Ljouwert.
  • Mear ynformaasje freegje jo op by havenmaster Robert Rinzema, telefoannûmer 06-43365221 of stjoer in e-mail nei: robert.rinzema@leeuwarden.nl.
  • Op de website fan Stifting Museumhaven (Iepent yn in nij ljepblêd) fine jo mear ynformaasje en foto’s.

Kommersjele havens

Ljouwert

Warten

Wergea

Reduzum

Havenreglemint

Yn it dokumint Havenreglemint fine jo alle regels dy’t jilde foar de gemeentlike havens, de gebouwen en terreinen fan de gemeente Ljouwert. Fierder moatte jo jo hâlde oan de oanwizingen fan de havenmaster. It is net mooglik foar plezierfeart om in plak te reservearjen.

Kosten

As jo mei jo boat yn in haven fan de gemeente Ljouwert lizze, betelje jo havenjild.

Kosten plezierfeart Ynklusyf 21% btw
Havens yn Ljouwert De strekkende meter, per dei € 2,08.
Stoomboatshaed yn Warten De strekkende meter, per dei € 1,56.
Op ’e hichte fan de Rykswei 91 en 97 yn Jirnsum De strekkende meter, per dei € 1,56.
Havens yn Grou 1 april – 31 oktober (per dei) De strekkende meter, per dei, € 1,77.
Havens yn Grou 1 novimber – 31 maart (per dei) De strekkende meter, per dei, € 0,88.
Havens yn Grou (per moanne) De strekkende meter, per moanne, € 23,46.

As jo yn de gemeente Ljouwert wenje, betelje jo gjin wettertoeristebelesting. Ek foar bern fan 5 jier of jonger betelje jo gjin wettertoeristebelesting.

Foar wetter en elektra hoege jo net apart te beteljen yn de besikershavens. Jo hawwe hjir fia it lisjild al foar betelle.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.