Wenjen yn de stêd
De wenningmerk yn Ljouwert stiet ûnder druk troch in tekoart oan wenningen. Wy moatte mear, flugger en goedkeapere wenningen bouwe. Dêrom past de gemeente har wenbelied foar de stêd oan. De haadlinen stean yn in addindum (taheakke) op de Omjouwingsfyzje, mei ambysjes foar 2030 en in foarútblik nei 2040. Dit stiet beskreaun yn it beliedsprogramma Wenjen yn de stêd.
Omjouwingsfyzje Wenjen yn de stêd
Yn it addindum op de Omjouwingsfyzje Wenjen yn de stêd stean de ambysjes fan it wenbelied en de doelen dy’t dêrby hearre.
Ambysje
De ambysje foar wenjen yn Ljouwert is om in stêd fan wearde te wêzen. Dit hâldt yn in stêd mei oanbod foar ferskillende doelgroepen én genôch betelbere wenningen. Mar ek in stêd dêr’t jo goed wenje kinne, yn in omjouwing dêr’t jo jo thús fiele.
Doelen
Oan dizze ambysje wurkje wy troch gebrûk te meitsjen fan fjouwer doelen:
- De alsidige stêd. Mear wenningen foar ferskillende húshâldens en in mjuks fan ferskillende wenningen per buert.
- De betelbere stêd. Mear goedkeapere wenningen én in bettere ferdieling oer de stêd.
- Bysûnder (goed) wenjen. Bettere kwaliteit fan de wenning en de romte om de wenning hinne.
- De kompakte stêd. Bettere kwaliteit fan de leefromte yn de stêd, wêrby’t wy gebrûk meitsje fan de besteande huzen en gebouwen.
Beliedsprogramma Wenjen yn de stêd
9 july 2025 hat de gemeenteried Addindum 1 Wenjen yn de Stêd op de Omjouwingsfyzje fêststeld. Op 26 augustus 2025 hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders it beliedsprogramma Wenjen yn de Stêd fêststeld.
Beliedsprogramma Wenjen yn de stêd – diel A
Hjiryn stean de fjouwer doelen neier útwurke. Ek stiet beskreaun wêrom, foar wa, hoefolle, wêr, wannear en op hokker wize oft de gemeente Ljouwert yn de stêd Ljouwert bouwe (litte) wol.
Beliedsprogramma Wenjen yn de stêd – diel B
Hjir binne de regels en oanpak per type wenwyk yn beskreaun. Der binne fjouwer typen wenwiken:
- Binnenstêd
- Alde stedswiken
- Neioarlochske útwreidingswiken
- Nije útwreidingswiken
Per type wenwyk wurdt útlein foar wa’t wy wenningen taheakje wolle en hoefolle wenningen wy bouwe (litte) wolle.
It addindum en beliedsprogramma
It addindum en beliedsprogramma Wenjen yn de stêd fine jo yn de folgjende dokuminten:
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: