Uttreksel Basisregistraasje Persoanen (BRP)
Dit is in ferklearring dat jo yn de gemeente Ljouwert wenje. Freegje it úttreksel digitaal oan. Jo hawwe DigiD nedich en betelje online. Wy stjoere it úttreksel binnen 1 wurkdei nei jo húsadres. Digitaal oanfreegje kin allinnich foar josels.
Wolle of kinne jo net digitaal oanfreegje
Meitsje in ôfspraak om lâns te kommen. Sûnder ôfspraak kinne wy jo net helpe. De datums dy’t jo sjogge by it online ynplannen fan jo ôfspraak binne de iennichste datums dy’t beskikber binne. Wy freegje jo dêrom gjin telefoanysk kontakt mei ús op te nimmen foar in ôfspraak op in oar momint.
- Nim in jildich legitimaasjebewiis mei. Bygelyks in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis.
- Jo betelje it úttreksel kontant of mei de pin oan de baalje.
- Jo krije it úttreksel fuortdaliks mei.
Oanfreegje foar oaren
Jo kinne in úttreksel BRP ek oanfreegje foar:
- jo oarehelte of registrearre partner dy’t op itselde adres wennet;
- jo bern dat op itselde adres wennet (ek as it âlder is as 18 jier);
- immen dy’t in machtiging oan jo jûn hat.
Yn dizze gefallen komme jo lâns op it gemeentehûs.
Oanfraach troch advokaten en notarissen
Binne jo advokaat of notaris, en hawwe jo in ôfskrift fan in úttreksel fan de Basisregistraasje Persoanen (BRP) fan in klant nedich. Freegje dy online oan. In online oanfraach duorret 2 wiken. Jo krije gjin jild werom as de gemeente Ljouwert gjin gegevens oer dy persoan hat.

Stjoer in brief (op briefpapier mei logo fan jo bedriuw) op nei de gemeente Ljouwert oan: de ôfdieling Boargersaken. In oanfraach per brief duorret maksimaal 4 wiken. Jo krije gjin jild werom as de gemeente Ljouwert gjin gegevens oer dy persoan hat.
Hokker soarten binne der
- Bewiis fan Nederlannerskip.
- Bewiis fan yn libben wêzen.
- Hjirmei bewize jo yn Nederlân dat jo yn libben binne.
- Attestaasje de vita.
- Hjirmei bewize jo yn it bûtenlân dat jo yn libben binne.
- Freegje dizze ferklearring persoanlik oan op it Gemeentehûs. Yn de ferklearring stiet dat jo yn libben oan de baalje kommen binne.
- De ferklearring is yn meardere talen makke. Dus te brûken yn it bûtenlân.
Kosten
Basisregistraasje Persoanen (BRP)
Uttreksels BRP € 17,05
Legalisaasje hantekening € 11,15
Stimpeljen/ferklearring fan echtens € 11,15
Attestaasje de vita € 17,80.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: