Ofskrift boargerlike stân
De akte is in bewiis fan berte, houlik, echtskieding, registrearre partnerskip of ferstjerren. Freegje in kopy (ôfskrift) oan yn de goede gemeente. Freegje de akte digitaal oan. Jo hawwe DigiD nedich en betelje online. Wy stjoere de akte binnen 5 wurkdagen nei jo húsadres.
Wêr oanfreegje?
| Hokker ôfskrift? | Wêr oanfreegje? |
|---|---|
| Berte | Yn de bertegemeente. |
| Houlik / Registrearre partnerskip | Yn de gemeente dêr’t jo troud binne of in registrearre partnerskip sletten hawwe. |
| Echtskieding / Beëiniging registrearre partnerskip | Yn de gemeente dêr’t jo troud binne. |
| Ferstjerren | Yn de gemeente dêr’t de persoan stoarn is. |
Wa mei in ôfskrift oanfreegje
De folgjende ôfskriften meie jo sels oanfreegje:
- Berteakte foar josels of jo bern.
- Houliksakte foar josels en jo partner.
- Partnerskipsakte foar josels en jo partner.
- Echtskiedingsakte foar josels en jo partner.
- Akte beëiniging partnerskip foar josels en jo partner.
- Ferstjerrensakte foar jo partner, bern en âlden.
Ofskrift oanfreegje foar immen oars
Bygelyks as jo erfgenamt of wetlik fertsjintwurdiger fan dy persoan binne. Freegje jo it ôfskrift oan foar immen oars? De persoan foar wa’t jo it ôfskrift oanfreegje, moat sels de oanfraach mei DigiD befêstigje.
Wat hawwe jo nedich?
- in machtiging fan dyjinge foar wa’t jo in ôfskrift oanfreegje;
- in kopy fan in jildich legitimaasjebewiis fan dy persoan. Bygelyks in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis.
Wolle of kinne jo net digitaal oanfreegje
- Skriftlik oanfreegje:
-
- Stjoer in brief mei jo fraach nei de gemeente Ljouwert. Heakje in kopy ta fan in jildich legitimaasjebewiis. Bygelyks in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis.
-
- Wy stjoere it úttreksel binnen 7 wurkdagen nei jo húsadres.
-
- Jo krije in rekken oer de post.
- Persoanlik lânskomme op it Gemeentehûs:
-
- Meitsje in ôfspraak om lâns te kommen. Sûnder ôfspraak kinne wy jo net helpe. De datums dy’t jo sjogge by it online ynplannen fan jo ôfspraak binne de iennichste datums dy’t beskikber binne. Wy freegje jo dêrom gjin telefoanysk kontakt mei ús op te nimmen foar in ôfspraak op in oar momint.
-
- Nim in jildich legitimaasjebewiis mei. Bygelyks in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis.
-
- Jo betelje it ôfskrift kontant of mei de pin oan de baalje.
Oanfraach troch advokaten en notarissen
Binne jo advokaat of notaris, en hawwe jo in ôfskrift boargerlike stân fan in klant nedich. Freegje dy online oan. In online oanfraach duorret 2 wiken. Jo krije gjin jild werom as de gemeente Ljouwert gjin gegevens oer dy persoan hat.

Stjoer in brief (op briefpapier mei logo fan jo bedriuw) op nei de gemeente Ljouwert oan: de ôfdieling Boargersaken. In oanfraach per brief duorret maksimaal 4 wiken. Jo krije gjin jild werom as de gemeente Ljouwert gjin gegevens oer dy persoan hat.
Kosten
De kosten foar in ôfskrift Boargerlike Stân binne € 17,80.
Fragen
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Fluch oan: