Fluch oan:

Beteldagen

  • tiisdei 31 jannewaris
  • tiisdei 28 febrewaris
  • tongersdei 30 maart
  • woansdei 26 april
  • woansdei 31 maaie
  • fakânsjejild: tiisdei 6 juny
  • tongersdei 29 juny
  • moandei 31 july
  • tongersdei 31 augustus
  • tongersdei 28 septimber
  • tiisdei 31 oktober
  • tongersdei 30 novimber
  • tongersdei 21 desimber

Wannear stiet it jild op myn rekkening?

Dat ferskilt per bank. Jo kinne derfan útgean dat jo útkearing op de hjirboppe neamde beteldei byskreaun is.

 

Hâld der rekken mei dat de bank tiid nedich hat om de útkearing by te skriuwen op jo rekken.

Is myn útkearing al oermakke?

Nim earst kontakt op mei jo bank. Sy kinne dit foar jo neisjen.

 

Wolle jo dochs noch de gemeente freegje oft jo útkearing oermakke is? Dat kin pas in wurkdei nei de beteldei. Earder kin dit net neisjoen wurde.

Wannear ûntfang ik myn útkearingsspesifikaasje?

Jo ûntfange de útkearingsspesifikaasje de deis nei de betelling fan de útkearing. Hawwe jo fragen oer it bedrach dat jo fan ús ûntfongen hawwe? Kontrolearje dan earst jo útkearingsspesifikaasje.

Hawwe jo oare fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.