Fluch oan:

Beteldagen

Wy meitsje jo útkearing op ûndersteande datums oer. It kin oant de ein fan ’e dei duorje oant it jild op jo rekkening stiet.

  • tongersdei 29 jannewaris
  • tongersdei 26 febrewaris
  • tiisdei 31 maart
  • tongersdei 30 april
  • tongersdei 28 maaie
  • fakânsjejild tongersdei 4 juny
  • tiisdei 30 juny
  • tongersdei 30 july
  • moandei 31 augustus
  • woansdei 30 septimber
  • tongersdei 29 oktober
  • moandei 30 novimber
  • tiisdei 22 desimber

Wannear stiet it jild op myn rekkening

Dat ferskilt per bank. Jo kinne derfan útgean dat jo útkearing op de hjirboppe neamde beteldei byskreaun is. Hâld der rekken mei dat de bank tiid nedich hat om de útkearing by te skriuwen op jo rekken.

Myn útkearing is net oermakke

Hawwe jo 1 wurkdei nei de beteldatum jo útkearing noch net ûntfongen? Nim dan kontakt op mei jo bank.

Wannear ûntfang ik myn útkearingsspesifikaasje

Jo ûntfange de útkearingsspesifikaasje de deis nei de betelling fan de útkearing. Hawwe jo fragen oer it bedrach dat jo fan ús ûntfongen hawwe? Kontrolearje dan earst jo útkearingsspesifikaasje.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.