Fluch oan:

Stipe oan de sosjale basis

De gemeente stelt middels/jild beskikber foar de sosjale basis. Under oare oan bewennersinisjativen en frijwilligersorganisaasjes. Foarbylden binne it Mienskipsfûns en budzjetten foar it stimulearjen fan it grienûnderhâld troch bewenners. Op dizze wize ynvestearret de gemeente yn in sterke sosjale basis.

Hoe kinne wy de sosjale basis it bêste ûndersteune?

Organisearje jo wol ris in aktiviteit foar jo buertbewenners? Of binne jo frijwilliger by in stifting of feriening yn gemeente Ljouwert? Wy binne benijd nei jo ûnderfiningen! Hawwe jo út dizze rol wei wol ris kontakt mei de gemeente en/of Amaryllis? Hoe ferrint dat kontakt? Wy wolle graach witte oft jo it paad rjochting de gemeente en/of Amaryllis witte finen as der fragen binne.

Ful de enkête yn

De enkête kin oant en mei snein 12 maaie 2024 ynfuld wurde. It ynfullen duorrent ûngefear 5 minuten.

Yn petear oer fersterkjen sosjale basis

Wy organisearje fan ’t simmer in byienkomst dêr’t wy fierder yngean op de útkomsten fan de enkête. Op dizze byienkomst gean wy graach fierder mei jo yn petear. Oer dizze byienkomsten folget letter mear ynformaasje.

Foarbylden sosjale basis yn de gemeente Ljouwert

De sosjale basis is oanienwei yn beweging. Dat is te sjen by ûnder oare biblioteken, skoallen, sportferieningen, kulturele ynstellingen, gebedshuzen en buert- en doarpskeamers. Mar ek tusken buorlju dy’t inoar helpe mei de boadskippen, putsjes foar inoar dogge en iten siede. De foarbylden yn de flyer ‘De sosjale basis’ litte de krêft sjen fan ideeën dy’t ûntstien binne fanút de sosjale basis yn de gemeente Ljouwert.