Fluch oan:

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje

Download it Oanfraachformulier Subsydzje Kânsen foar Bern en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Wêrfoar kinne jo subsydzje oanfreegje

Jo kinne subsydzje oanfreegje foar ekstra aktiviteiten foar bern, âlderbelutsenens en it fersterkjen fan de trochgeande line.

Ekstra aktiviteiten foar bern

Dizze aktiteiten helpe bern har te ûntwikkeljen. It kin gean om:

  • Learen en tinken (kognitive ûntwikkeling).
  • Omgean mei oaren en emoasjes (sosjaal-emosjonele ûntwikkeling).
  • Keunst en kultuer.
  • Bewegen (motoaryske ûntwikkeling).

Alderbelutsenens

Fersterkjen fan pedagogysk en didaktysk partnerskip. Dit betsjut dat âlden, bern en eksperts (profesjonals) goed gearwurkje. Mei-inoar soargje sy foar in noflike en learsume omjouwing foar it bern.

De trochgeande line

Dit giet oer de ûntwikkeling fan bern fan 0 oant 13 of 14 jier. It doel is dat bern stap foar stap trochgroeie kinne.

Wa kin subsydzje oanfreegje

De subsydzjeregeling is foar alle (startende) IKC’s yn de gemeente Ljouwert. De direkteur fan it IKC docht út namme fan it skoalbestjoer de subsydzjeoanfraach.

Betingsten (rekkenregels)

De begrutting moat oan bepaalde rekkenregels foldwaan. Jo meie maksimaal 20% fan de totale subsydzje foar overhead brûke. Under kosten foar overhead falle bygelyks kosten foar materiaal, koördinaasje, (by)skoalling, ekstra oerlis.

Hichte subsydzje

It bedrach dat maksimaal oanfrege wurde kin ferskilt per IKC:

  • Plus IKC’s en IKC Trianova € 2.500,- + € 88,- per bern fan 2 jier en âlder dat per teldatum 1 febrewaris 2026 nei it IKC giet.
  • Basis IKC’s: € 5.000,- + € 109,- per bern fan 2 jier en âlder dat per teldatum 1 febrewaris 2026 nei it IKC giet.
  • IKC Sint Paulus: € 10.000,- + € 360,- per bern fan 2 jier en âlder dat per teldatum 1 febrewaris 2026 nei it IKC giet.

Wat bart der nei jo oanfraach

Nei it yntsjinjen fan jo oanfraach gean jo yn petear mei de IKC-kommisje. Dizze kommisje bestiet út minsken út it ûnderwiis en de berne-opfang, in ekspert en in foarsitter. Allinnich de basis IKC’s en IKC Sint Paulus hoege harren oanfraach te presintearjen.

Skoalle en Omjouwing, Finansjele edukaasje en IKC-meiwurkers

De IKC’s yn Ljouwert East dogge mei oan de programma’s Skoalle en Omjouwing, Finansjele edukaasje en IKC-meiwurkers. De subsydzjes hjirfoar wurde troch de skoalle- en berne-opfangbestjoeren oanfrege foar 1 april 2026.

Fragen

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Regeling subsydzje ‘Kânsen foar Bern’ 2026