Fluch oan:

Wêrfoar kinne jo subsydzje krije

  • Gevelisolaasje
  • Flierisolaasje
  • Boaiemisolaasje
  • Souder/flieringisolaasje
  • Dakisolaasje fan binnenút of fan in plat dak
  • Dakisolaasje fan bûtenôf
  • Spoumuorre-isolaasje
  • HR++-glês/tripleglês, isolearre kezynpaniel- of in isolearre doar mei kezyn. Foar nije (keunststof) rútkezinen kinne jo gjín subsydzje krije. Keapje jo nij glês en nije rútkezinen? Dan hawwe wy in offerte nedich dêr’t de kosten foar allinnich it glês apart op oanjûn stiet.
  • Ferfanging fan in âlde sintrale ferwaarmingstsjettel dy’t minstens 15 jier âld is troch in nije tsjettel mei minimaal enerzjylabel A foar apparaten, dy’t geskikt is om te brûken yn kombinaasje mei in hybride waarmtepomp.

Betingsten

  • Jo binne eigener fan de wenning yn de gemeente Ljouwert en bewenje dy.
  • Jo wenning hat enerzjylabel D, E, F of G. Hat jo wenning gjin enerzjylabel of hat it enerzjylabel A, B of C dan jildt it folgjende. De wenning moat dan op syn minst 2 dielen hawwe dy’t min isolearre binne, lykas de flier, de gevel (bygelyks spoumuorre), it dak, de solder/flieringflier, of de ruten en doarren.
  • Jo wenning hat in WOZ-wearde fan € 268.000 of leger (peildatum 1 jannewaris 2022).
  • It ynkommen fan jo húshâlding is net mear as € 48.625 bruto per jier.
  • Jo kinne per adres/húshalding ien kear gebrûk meitsje fan dizze subsydzje.
  • De isolaasjemaatregels moatte dien wêze nei 14 july 2023. De wurksumheden moatte klear wêze foar 31 desimber 2027.

Betingsten isolaasjemaatregels

Betingsten foar dakisolaasje fan bûtenôf en spoumuorre-isolaasje

Wy wolle bisten beskermje dy’t yn huzen wenje kinne, lykas flearmûzen. Derôm jilde der ekstra betingsten foar dakisolaasje fan bûtenôf en spoumuorre-isolaasje.

  • Foar spoumuorre-isolaasje by grûnbûne wenningen (lykas iengesinswenningen) is in eDNA-ûndersyk nedich. Dat kin jild kostje.
    • As de eDNA test negatyf is, kinne jo subsydzje foar spoumuorre-isolaasje oanfreegje. Omdat der gjin spoaren fan flearmûzen fûn binne, mei de spoumuorre direkt isolearre wurde. De kosten fan de negative test wurde ek fergoede.
    • As de eDNA test posityf is, krije jo gjin subsydzje foar spoumuorre-isolaasje. Yn dat gefal is der wol DNA fan flearmûzen fûn. Dêrom mei de spoumuorre net isolearre wurde. De kosten fan de negative test wurde net fergoede.
  • Dakisolaasje fan bûtenôf is allinnich tastien mei in omjouwingsfergunning. De omjouwingsfergunning freegje jo oan by de provinsje Fryslân. In plat dak mei wol isolearre wurde sûnder omjouwingsfergunning.
  • Foar net-grûnbûne wenningen (lykas duplekswenningen, apparteminten en flats) is in omjouwingsfergunning nedich.

Mear ynformaasje

Wolle jo mear witte oer eDNA ûndersyk en wat tastien is by isolearjen? Gean nei de webside fan de provinsje Fryslân.

Wat hawwe jo nedich foar in oanfraach

De folgjende dokuminten leverje jo yn by de oanfraach:

  • In offerte mei jo namme, adres en wenplak derop.
  • In omskriuwing fan alle enerzjybesparjende maatregels of wenningferbetterings dy’t útfierd wurde. Jou ek de namme troch fan it brûkte (isolaasje)materiaal.

Binne jo fan doel it ferduorsumjen sels te dwaan?

  • In plan mei de wurksumheden dy’t jo útfiere sille.
  • In oersicht mei de ferwachte kosten.
  • In helbere planning fan alle wurksumheden.
  • Yn it gefal dat de verwaarmingstsjettel ferfongen wurdt: In bewiis dat de âlde tsjettel âlder is as 15 jier. Jo kinne dit bewize mei in rekken of in foto fan it typenûmer.
  • Jo kinne allinnich subsydzje krije foar de kosten fan de materialen, net foar jo eigen oeren.

Hichte subsydzje

Jo kinne maksimaal € 2.500 oan subsydzje oanfreegje. Kostje de maatregels mei-inoar jo minder as € 2.500? Dan kinne jo maksimaal it totaalbedrach fan de maatregels oanfreegje. Foar dizze subsydzje is it subsydzjeplafond € 2.750.000. As jo de subsydzje oanfrege hawwe, krije jo in befêstiging dat wy it ûntfongen hawwe. Jo hearre binnen 8 wike fan ús.

Enerzjybesparjende maatregels útfierd

Jo moatte in fersyk ta fêststelling ynleverje. Dat dogge jo troch it weromstjoeren fan it deklaraasjeformulier dat jo by de beslissing fan jo oanfraach krigen hawwe. Jo dogge by dit deklaraasjeformulier ek de faktueren en/of betelbewizen.

 

Yn it gefal fan in doch-it-selsinisjatyf en jo de wenning sels ferduorsume hawwe, heakje jo oan dit deklaraasjeformulier ta:

  • In foto fan de situaasje foar en nei it ôfrûnjen fan de enerzjybesparjende wenningmaatregels. Op de foto stiet de datum wannear’t de foto makke is.
  • In rekken (kassabon) of oerienkomst foar de kochte materialen mei jo namme, adres en wenplak derop.

Kinne of wolle jo net digitaal oanfreegje

Download it Oanfraachformulier Subsydzjeregeling enerzjybesparjende wenningmaatregels en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Mear subsydzjes

Wy hawwe noch in subsydzjeregeling foar it isolearjen fan jo wenning; gean nei de side subsydzje isolaasje eigen wenning. Der jilde deselde betingsten foar it enerzjylabel. De maksimale WOZ-wearde fan jo wenning is by dizze subsydzje € 350.000. Der is gjin ynkommenseask. Mooglik kinne jo fan beide subsydzjes gebrûk meitsje, sadat jo noch mear oan jo wenning dwaan kinne.

Ek de Ryksoerheid hat in subsydzje foar it isolearjen fan wenningen; de ISDE-subsydzje

De ISDE-subsydzje is beskikber foar it isolearjen fan wenningen. De ISDE-subsydzje kin kombinearre wurde mei gemeentlike of provinsjale subsydzjes. Jo kinne dus bygelyks de gemeentlike subsydzje oanfreegje en dêrneist ek de ISDE-subsydzje. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan ISDE: Subsydzje foar ferduorsuming fan jo wenning | RVO.nl.

Enerzjyloket Ljouwert

Wy wolle jo helpe by it ferduorsumjen fan jo wenning. Mear ynformaasje oer bygelyks subsydzjes, tips, help fan in enerzjycoach en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert.

Wet- en regeljouwing

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):

  • Subsydzjeregeling enerzjybesparjende wenningmaatregels.

Fragen of mear ynformaasje

Wy wolle jo helpe by it ferduorsumjen fan jo wenning. Mear ynformaasje oer bygelyks subsydzjes, tips, help fan in enerzjycoach en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert. Foar fragen nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.